Harns lêste gemeente sûnder earste ljipaai

15 mrt 2021 - 14:35

Allinne yn de gemeente Harns is dit jier noch gjin earste ljipaai fûn, no't yn Ravenswâlde it earste aai fan Eaststellingwerf oantroffen is. Dat betsjut dat it frije fjild yn hast de hiele provinsje no sletten is. Allinne jongerein meie it lân noch yn om te sykjen: de priis foar it earste 'jeugdaai' is ek noch net útrikt.

Foto: BFVW

Marco Hoekstra

It earste aai fan Eaststellingwerf waard fûn troch Marco Hoekstra (44) en Jan Nutma (29). Hoekstra wie oant in pear jier lyn meiwurker fan it fûgelwachtersbûn BFVW. Hy socht net nei earste aaien, mar kontrolearre oft alles yn oarder wie. Nutma hat stazjêr west by it BFVW.

It wie foar it earst dat Hoekstra in earste aai yn in gemeente fûn. Nutma fûn foarich jier ek al it earste aai fan Eaststellingwerf, en dit wykein fûn er it earste aai fan Noardeast-Fryslân.

Ljipaaikaart

Sjoch op dizze kaart yn hokker gemeenten al it earste ljipaai fûn is. Grien is it earste ljipaai fan Fryslân, blau is it earste ljipaai yn in gemeente en read betsjut dat der noch gjin earste aai fûn is yn dizze gemeente.

Trefwurden: 
BFVW ljipaai aaisykjen
(Advertinsje)
(Advertinsje)