Restaurants op Skiermûntseach hâlde de doarren dochs ticht

15 mrt 2021 - 13:52

De restaurants fan ferskate hotels op Skiermûntseach hâlde no tiisdei de doarren dochs ticht. Earder kundige in oantal hoareka-ûndernimmers op it eilân oan dat se as protest tsjin it coronabelied allegear de restaurants yn harren hotels iepenje soenen. Nei in petear mei de boargemaster en wethâlders is dit idee lykwols fan tafel.

Foto: creative commons

Neffens Gilles Harthoorn fan Hotel Duinzicht hat de oankundiging fan it protest lykwols wol fertuten dien.

Earder wie it foar de hoareka-ûndernimmers ûnmooglik om mei de gemeente yn petear te gean. Nei it drigemint om de doarren iepen te dwaan, waarden de ûndernimmers wol útnûge. Dizze wike folget in twadde petear oer de fraach hoe't gemeente en ûndernimmers it eilân draaiende hâlde kinne.

(Advertinsje)
(Advertinsje)