Histoaryske ferkiezingen: Breidzje yn ôfwachting fan betide stimmers

15 mrt 2021 - 13:08

It rint noch gjin stoarm yn de Fryske stimburo's, op de earste dei dat minsken fysyk stimme kinne. Meiwurkers fan de stimburo's wachtsje op de kiezer. Yn Wommels sit in frou te breidzjen.

Sjoch nei de reportaazje

"Jo moatte de tiid altyd nuttich besteegje", seit Anne Marie Wijnia fan it stimburo yn it Dielshûs yn Wommels. "Mar in sjaal krij ik hjoed net ôf. We prate ek in hiele protte."

Yn Wergea waard earder op de dei ek al net in protte drokte ferwachte. Ien fan de stimburoleden dêr hie mar in boek meinaam. "Wa wit krij ik dat hjoed noch út."

Yn ferbân mei it coronafirus binne de ferkiezingen foar de Twadde Keamer dit jier ferspraat oer meardere dagen, en der koe ek oer de post stimd wurde. Dat hat noch noait earder sa west.

Wa't ferkâlden is moat thúsbliuwe, sûnens wurdt net kontrolearre

Yn de stimburo's binne maatregels naam om fersprieding fan it coronafirus foar te kommen. Stimmers moatte in mûlkapke op, hanwaskje, en fantefoaren ek fragen oer de sûnens beäntwurdzje. Wa't ferkâlden is, mei der net yn.

Der wurdt net nei frege, seit ferslachjouwer Hayo Bootsma, dy't stimburo's sjoen hat yn de gemeentes Waadhoeke en Súdwest-Fryslân. "Der sit in stikje eigen ferantwurdlikheid yn", seit er. Wa't ferkâlden is, wurdt oproppen om in oar te machtigjen.

De stimlokalen moatte de hiele dei troch skjinmakke wurde. Yn acht Fryske gemeenten meie de kiezers it reade potlead dêr't se mei stimd ha, mei nei hûs ta nimme. Yn de hiele provinsje lizze mear as 125.000 potleaden klear.

(Advertinsje)
(Advertinsje)