Kimswert sjocht troch de kabouters it bosk net mear

15 mrt 2021 - 12:55

Ferline wike tongersdei stie Willem de Haan noch mei tsientallen fernielde kabouters yn syn hannen. Fjouwer dagen letter hat er op 'e nij de triennen yn 'e eagen, mar dit kear fanwege goed nijs. Fan ferskate minsken krige De Haan de ôfrûne dagen nije kabouters foar yn syn bosk. Se wurde manmachtich by him yn Kimswert brocht. Yntusken stiet de hiele bykeuken al fol.

Foto: Omrop Fryslân, Simone Scheffer

Skoalbern dy't thús kabouters meinimme nei skoalle foar De Haan, mar ek minsken dy't him belje om harren kabouters te donearjen: út alle hoeken fan de provinsje krijt de inisjatyfnimmer fan it kabouterbosk yn Kimswert stipe. De Haan is mar wat bliid mei al dy leave reaksjes. "It fernuveret my net, mar ik fyn it hertferwaarmjend. Dat is echt geweldich."

Feilich yn de bykeuken

Net allinnich wurde der kabouters by De Haan thús brocht, minsken sette ek op eigen manneboerd nije kabouters yn it bosk del. Wat De Haan betreft is dat prima. In bytsje spannend fynt er it wol. "As wy der achter binne wa't de dieders binne fan de fernielings ferline wike, dan moatte wy der betrouwen yn ha dat it net wer barre sil. Mar salang't dy fandalen net trasearre binne, dan hâld ik de kabouters dy't ik sels krij leaver noch efkes by my thús yn de bykeuken."

In lyts paradyske

De Haan riedt elkenien oan om efkes it bosk yn Kimswert yn te gean. "Op dit stuit is it genietsjen yn it bosk mei alle fûgels dy't der no sjonge en alle kabouters dy't wer te plak stean. It is in wier paradyske."

(Advertinsje)
(Advertinsje)