Trijtûzen Friezen moatte langer wachtsje op coronafaksin fanwege stillizzen AstraZeneca

15 mrt 2021 - 12:30

Hast 3.000 Friezen moatte noch wat langer wachtsje op harren coronafaksinaasje no't it prikken mei it AstraZeneca-faksin foarearst stillein is. De kommende twa wiken sil dat faksin net brûkt wurde. Dit beslút hat minister Hugo de Jonge naam neidat der yn Denemarken en Noarwegen meldingen kamen oer gefaarlike bywurkingen. It giet dan om tromboaze-achtige klachten.

Langer wachtsje op coronafaksin

Yn Nederlân wurdt sûnt snein gjin faksin fan AstraZeneca mear brûkt. Dat beslút duorret oant en mei 28 maart. De ôfrûne wiken waard it faksin lykwols folop brûkt om minsken te faksinearjen. Sa'n 7.000 minsken yn Fryslân hawwe it AstraZeneca-faksin al krigen de ôfrûne wiken. Dat binne benammen minsken dy't wurkje yn de soarch, âlderen en minsken mei in ferstanlike beheining. Wrâldwiid giet it om 17 miljoen minsken dy't mei dit type faksin yninte binne.

"Gewoan feilich"

Elkenien dy't in útnûging krigen hie fan de GGD foar it AstraZeneca-faksin hat yntusken berjocht krigen dat de ôfspraak net trochgiet. Wurdfierder Nils van Mourik fan de GGD snapt dat minsken soargen hawwe. "It faksin is gewoan feilich, mar dit wurdt dien út foarsoarch. Mar ik kin my yntinke dat minsken dochs twivels hawwe. Wy wachtsje de útkomsten fan it ûndersyk dizze twa wiken ôf om dêrnei te sjen hoe't wy fierder gean."

Nils van Mourik oer it AstraZeneca-faksin

Foto: ANP Foto

Wol klachten?

Minsken dy't al wol yninte binne mei AstraZeneca rinne neffens Van Mourik gjin ekstra risiko. "Wannear't jo bywurkings ha, dan kinne jo in melding dwaan by bywurkingssintrum Lareb. Of belje mei de húsdokter as dat nedich is." Van Mourik sels hopet dat der sa gau as mooglik wer prikt wurde kin mei it faksin, wannear't dúdlik is dat it faksin yndied feilich genôch is. "Alle faksins dy't wy krije, kinne wy goed brûke. Wy ha ús priklokaasjes yn oarder en der binne genôch minsken dy't prikke kinne."

De ferwachting is dat der de kommende dagen mear nijs komt oer it AstraZeneca-faksin.

(Advertinsje)
(Advertinsje)