Plan foar geitehâlderij soarget foar opskuor yn Reduzum

15 mrt 2021 - 11:06

Yn Reduzum is ûnrêst ûntstien oer de plannen foar in geitehâlderij by it doarp. In boeresoan wol mei it bedriuw fan syn heit omskeakelje fan hast 500 kij nei hast 3000 geiten. Ut ûndersyk hat bliken dien dat minsken dy't wenje binnen in straal fan twa kilometer fan sa'n bedriuw mear kâns rinne op in longûntstekking as minsken fierderop.

Foto: ANP Foto

De sûnenstsjinsten GGD en RIVM sizze dat it net winslik is om binnen dy straal fan in geitehâlderij te wenjen. De boeresoan is ek feedokter. Yn in brief oan de ynwenners fan Reduzum skriuwt er dat er alle mooglike foarsoarchsmaatregels nimt om foar sa min mooglik útstjit fan de geiten te soargjen.

De gemeente Ljouwert sjocht gjin wetlike beswieren tsjin de plannen.

Trefwurden: 
Reduzum GGD RIVM geitehâlderij
(Advertinsje)
(Advertinsje)