Bevrijdingsfestival Fryslân: "Meld jim 4 en 5 maaie-projekten by ús oan"

15 mrt 2021 - 10:35

De organisaasje fan it Bevrijdingsfestival Fryslân ropt elkenien op om projekten foar de deadebetinking op 4 maaie en befrijingsdei op 5 maaie oan te melden, sadat der better gearwurke wurde kin. Ferline jier foelen ferskate projekten foar 75 jier befrijing yn it wetter fanwege de coronamaatregels. Dit jier wurde der rûnom yn de provinsje coronaproof aktiviteiten organisearre.

Foto: Omrop Fryslân, Sybren Terpstra

Op 1 april presintearret it Bevrijdingsfestival Fryslân syn programma. Om in goed oersjoch te jaan fan alle aktiviteiten ropt it bestjoer elkenien op om harren projekten oan te melden. Op de webside kinne minsken alle projekten en aktiviteiten fine. Doel is dat dizze webside ek de kommende jierren brûkt wurde sil.

Foarstellings op'e nij útsteld

Yn it ramt fan de jubileum-betinking soene der ek trije foarstellings spile wurde. Foarich jier gie dat net troch en alles is ferpleatst nei dizze maitiid, mar ek no kin net alles trochgean.

De foarstelling 'De terugkeer van de Joodse kinderen' wurdt útsteld nei de hjerst of takom maitiid en de foarstelling 'De Joodse bruiloft' wurdt opskood nei oktober. Allinnich de foarstelling 'Skaad' liket foarearst wol troch te gean. It is de bedoeling dat it stik twa kear deis spile wurdt foar 30 man publyk. De premjêre is op 16 april.

Marre Faber fan it befrijingsfestival

(Advertinsje)
(Advertinsje)