Supportersferiening Nieuw Noord wol yn petear mei SC Hearrenfean: "De maat is vol"

15 mrt 2021 - 10:13

Supportersferiening Nieuw Noord wol yn petear mei de direksje, de trainer en de oanfierder fan SC Hearrenfean. De supporters misse de striid, de pasje en de belibbing by de spilers. Nei it teloarstellende 3-1 ferlies tsjin leechfleaner Willem II ôfrûne sneon is de maat fol, skriuwt de feriening op har webside. "Het is tijd om de ogen te openen en mei inoar met passie, strijd en beleving voor onze club te vechten!"

Foto: sc Hearrenfean

In jier lang meie de supporters fanwege de coronamaatregels al net by de wedstriden fan harren klup wêze. Dochs steane goed achttûzen fans noch altyd achter harren klup. "Wij zijn dus genoodzaakt om vanaf de bank onze passie en support te tonen. Helaas lijkt het alsof onze spelers en staf hun passie ook thuis op de bank hebben laten zitten", konkludearret de feriening online.

Noed oer takom jier

Nieuw Noord hat boppedat noed oer it nije seizoen en de seizoenkaarthâlders, dy't mooglik harren kaart net ferlingje sille fanwege de ôffallende sportive prestaasjes. "Wij hebben er geen enkel vertrouwen in dat dit besef leeft bij de spelers en staf", sa falt op de webside te lêzen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)