Bestelbus bedarret yn 'e greide by Menaam

15 mrt 2021 - 09:54

De bestjoerder fan in bestelbus is moandeitemoarn mei syn auto yn 'e greide bedarre by Menaam. It iensidige auto-ûngelok barde oan de Gernierswei. De man rekke de macht oer it stjoer kwyt en botste op in ferkearsboerd, wêrnei't er yn in stik greide ta stilstân kaam.

Foto: SRFotografie

De bestjoerder rekke lichtferwûne troch it ûngelok, mar hoegde net nei it sikehûs. De plysje ûndersiket hoe't it foarfal krekt barre soe.

In berger hat de auto út de greide sleept. De dyk wie koarte tiid ticht fanwege it ûngelok de opromwurksumheden.

Trefwurden: 
plysje Menaam auto-ûngelok
(Advertinsje)
(Advertinsje)