Noch net in soad drokte op stimburo yn Wergea: "Ik ha it boek mar meinaam"

Yn Wergea iepene moandeitemoarn om healwei achten it stimburo har doarren. Lykas yn hiel Nederlân kin der ek yn Wergea yn oanrin nei de Twadde Keamer ferkiezingen op woansdei ek alfêst op moandei en tiisdei stimd wurde. Dizze beide ekstra stimdagen binne bedoeld foar minsken dy't kwetsber binne. Sa wurdt de drokte spraatoer meardere dagen. Yn Wergea ferwachtsje se lykwols net in soad drokte. "Ik ha it boek mar meinaam."
Net in soad drokte op stimburo yn Wergea
Om healwei achten hinne wie it moandeitemoarn noch kalm yn it stimburo. Dochs hienen de frijwilligers it al drok mei de tariedingen. Ien fan harren is Rolf Westerveld. Westerveld is sûnt 2009 foarsitter op it stimburo yn Wergea. "Net als ieder jaar is het mijn taak om te controleren dat de orde hier gehandhaafd blijft en te controleren of mensen zijn wie ze zeggen dat ze zijn. Daarvoor moeten mensen soms even hun mondkapje afzetten."

Op leeftiid

Paule Schaap is foar it earst frijwilliger op it stimburo yn Wergea. Se wurket by de provinsje Fryslân en helpt omdat der dit jier ekstra frijwilligers nedich binne. "Ik wit út eigen ûnderfining dat de frijwilligers op in stimburo al aardich op leeftiid binne, dus dy sille miskien no net sa happich wêze om dit jier te helpen. Fandêr dat ik my oanmeld ha om te helpen."
Ferslachjouwer Arjen Bosselaar wie al betiid yn Wergea
© Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar
De lunsjpakketsjes lizze al klear. De hiele dei is it stimburo iepen. Mar sawol Westerveld as Schaap ferwachtsje net in soad oanrin. "We verwachten weinig drukte, ik denk dat er niet meer dan honderd mensen komen vandaag", jout de foarsitter oan. Neffens him hawwe in soad âldere minsken fia de post harren stim útbrocht. "Los van het feit hoeveel mensen er komen, is het een goede zaak dat er nu al stembureaus open zijn op maandag en dinsdag. Er moet geen drempel zijn om te komen stemmen."

It boek mei

Gewoanwei komme der sa'n tûzen minsken yn Wergea om harren stim út te bringen. Dield troch trije soene der moandei sa'n 300 minsken komme kinne. Mar dat oantal sil nei alle gedachten te heech wêze. Ek Paule ferwachtet moandei net in soad drokte. "Ik ha in boek meinaam. Wa wit krij ik dat hjoed noch út."
Uteinlik waard de earste stim útbrocht krekt nei healwei njoggenen. De earste besiker hie boppedat trije folmachten mei, wêrtroch't de earste fjouwer stimmen in feit wiene.
Ek om healwei njoggenen wie it noch rêstich yn Wergea