Kollum: "Amsterdam"

15 mrt 2021 - 08:15

"Wa't myn kollums lêst, tinkt miskien: dy Janneke, dat is my in natuerminske! Altyd omwrotte yn 'e tún, mei de hûnen op 'en paad of lekker badderje yn har bûtenbad. It kloppet, ik bin in natuerminske. Mar dat wie fjouwer jier lyn wol oars.

Foto: Janneke de Haan

De toan fan Janneke de Haan

Fjouwer jier lyn wenne ik noch op ien heech yn Amsterdam. Neat gjin natuer, mar in lyts balkontsje mei wat deade planten. Dei en nacht ferskil mei hoe't wy no wenje. Ik sis altyd, we ha meidien oan 'Ik vertrek'. Mar dan sûnder kamera op 'e snuffert.

Minsken freegje my wolris oft ik Amsterdam ek mis. Ik sis dan nee. Ik wist al nei ien dei yn 'e Kompenije dat wy teplak wiene. Mar mis ik dan echt neat oan Amsterdam? Ja, de rêst. Wat mis ik de rêst... Grapke fansels. Wy wennen fuort njonken in grut krúspunt. Altyd drokte en getoeter. En in hiel skoft siet der rjochts ûnder ús in kroech. Alle freedtenachten gong it fan "I can see paradise by the dashboardlight" opfolge troch 'Grease lightning."

Altyd itselde. Eardopkes neist it bêd. Doe't de kroech fallyt wie, kamen der kreakers te wenjen. Ik kin dy fertelle: dy hâlde ek wol fan in goed, en foaral lûd, feestje. Ik fyn it dan ek hielendal net slim dat dizze lûden ferfongen binnen troch it 'gekukel' fan 'e hoanne en de ferskate fûgeltsjes dêr't we moarns mei wekker wurde.

Fansels mis ik wolris de 'reuring'. Dy wie in Amsterdam mear as yn 'e Kompenije. Om 20.00 oere tinke, "Wêr sil ik jûn ris nei ta?" en in healoerke letter yn 'e skouboarch sitte. Yn it lunsjskoft even nei it Stedelijk, lekker flanterje oer it Waterlooplein of by Artis delfytse. En fansels al dy smûke kroechjes, dêr't ik in soad freedtemiddeis sliten ha. Mar echt misse, is in te grut wurd. Lit ik sa sizze; ik koesterje de oantinkens.

As ik sa tink, is der mar ien ding dat ik, en benammen myn freon Thys, echt mis. En dat is it ferskaat oan lekker iten. In Eritreesk restaurant tsjinoer ús, in Tai op de iene en in Turkske supermerk op de oare hoeke. It leafst yt myn freon alle dagen Taisk. (Komt fêst troch syn namme.) Doe't hy der efterkaam dat Drachten gjin Tai hie, gong de keap dan ek hast net troch.

Yn Amsterdam helle ik moarns betiid yn 'e pyama en op toffels by de buorlju Bakker in croissantsje en sprong dêrnei wer lekker myn bêd yn. Efkes gau wat ôfhelje of wat besoargje litte, is yn 'e Kompenije in hiele toer. No ja, ik kin moarns in farsk tomaatsje út e kas helje, wat ek lekker is fansels.

Myn freon sprong in gat yn 'e loft doe't er in Drachten in Yndysk restaurant fûn, dat by ús besoargje woe. De besoarger bleau allinnich wol yn 'e auto, want hy wie bang foar de hûnen, dy't mei de sturt giseljend op him ôf kamen. Omdat se tochten: "joepie in boarter!" Spitigernôch gong de Yndiër fallyt.

Mar ûnderwilens hat Thys wat nijs betocht. Yn Ljouwert sit in geweldige Tai en om 'e wike springt er op de motor om fjouwer poarsjes reade curry te heljen. Twa foar yn 'e frieskiste. In oere ûnderweis foar wat iten. Bespotlik fansels! Ik ha it al meardere kearen út syn holle besocht te praten, mar menear lit him net fan it stik bringe.

Al dat gepraat oer iten. It wetter rint my yn 'e mûle. "Wat zullen we vanavond eten", freegje ik Thys. Ik ha it noch net sein of hy sit al op 'e motor."

(Advertinsje)
(Advertinsje)