Soargen by It Fryske Gea oer coronadrokte yn it briedseizoen

15 mrt 2021 - 07:08

Natuerbehearder It Fryske Gea makket him soargen oer de coronadrokte yn de natuergebieten no't de maitiid begjint. Neffens Jan Jelle Jongsma fan It Fryske Gea hawwe bisten op dit stuit it measte baat by rêst. "Hoe stiller, hoe better." Mar hoe moat soks as elkenien de natuer yn giet mei it moaie maitiidswaar dat foar de doar stiet?

Ljipaaien - Foto: Shutterstock.com

Om fûgels en oare bisten te beskermjen om rêstich te brieden of jongen te krijen, hat It Fryske Gea in oantal gebieten ôfsletten. Mar de measte gebieten bliuwe ek yn de maitiid gewoan iepen. Jongsma: "Wy roppe minsken op om sa rêstich mooglik ús gebieten in besite te bringen. As gasthear lizze wy minsken út wat se wol en net dwaan moatte. By elk paad stiet in boerd, mei dêrop de spulregels."

Spulregels

Ien fan dy regels is bygelyks om de hûn oan de line te hâlden of hielendal net mei te nimmen. Jongsma hat noch mear tips. "Sykje in oar kuierplak as it drok is. En doch dat sa folle mooglik yn dyn eigen regio, dus gean net in hiel ein riden om te kuierjen."

Oant heal july

In soad minsken tinke dat it briedseizoen ek samar wer klear is, mar dat is net it gefal. "It briedseizoen begjint heal maart en einiget heal july, mar dat ferskilt ek per fûgelsoart", leit Jongsma út. "Wy ha noch twa fakatueres foar tafersjochhâlders. Dus wa't ynteresse hat om ús te helpen, sjoch efkes op ús webside."

Jan Jelle Jongsma fan It Fryske Gea

(Advertinsje)
(Advertinsje)