Pakketbesoargers fan UPS lizze wurk del foar bettere cao

Sjauffeurs fan pakketbesoarger UPS lizze moandei it wurk del. Se fiere aksje foar in bettere cao Beroepsgoederenvervoer. Ek sjauffeurs út It Hearrenfean wei sammelje harren by it distribúsjesintrum yn Utrecht.
© ANP Foto
Neffens it fakbûn wurkje de sjauffeurs harren al twa jier in slach yn de rûnte, sûnder dat se in leansferheging krigen ha. It fakbûn easket in leansferheging fan 3,5 prosint. Boppedat moat der in regeling komme om earder mei pensjoen te kinnen.