In famyljevlog om it Frysk ûnder de oandacht te bringen

Tjits, Jelke en harren bern Sake en Yldau fan Broeksterwâld binne fan dizze wike ôf alle wurkdagen te sjen yn harren eigen famyljevlog. Famyljevlogs besteane al langer en binne yn binnen- en bûtenlân wakker populêr, mar dit is de earste famyljevlog dy't folslein yn it Frysk is. "Dat is foar my ek de reden om mei te dwaan" sa seit Tiffany 'Tjits' van der Wal. "Ik bin al jierren drok dwaande mei it Frysk. Ik skriuw toanielstikken en ferskes en set my der bot foar yn. Dus dizze vlog is in logyske folgjende stap."
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
De vlogs wurde filme troch Tjits sels, mar wurdt makke yn oparbeidzjen mei Omrop Fryslân. It idee kaam ûnder oaren fan programmamakker Halbe Piter Claus. "Ik fernuvere my der bot oer dat der noch gjin famyljevlogs wiene yn it Frysk en neffens my hat dat foar in part te krijen mei it jild. It kostet gewoan in soad jild en tiid om sa'n vlog op deistige basis te meitsjen, want je binne der alle dagen mei dwaande."
Neffens Claus betsjut dat dat de minsken dy't op YouTube of oare kanalen de vlogs sjogge, altyd mar Ingelsktalige of Nederlânsktalige filmkes te sjen krije en noait wat yn it Frysk. En dat is spitich, sa fynt Claus.
De Tjits Floch, sa't de famyljevlog hyt, is benammen bedoeld foar bern en draait echt om de deistige saken fan de famylje. "Sa wiene we in pear wiken ferlyn te finen op it iis en dan giet dy kamera dus gewoan mei", seit Tjits. Om't se sels altyd al in soad fan har priveelibben dielde, hoegde se der net lang oer nei te tinken om oan it projekt mei te dwaan. Mar ek Jelke en de bern moasten it goedfine, mar wie gjin probleem. Jelke: "Der stiet dochs al safolle online, dus wêrom dan dit ek net."
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
De Tjits Floch