Fryske Boekewike grut sukses: kadoboek al twa kear útferkocht

De Fryske Boekewike wie in grut sukses. Dat sizze de Fryske boekwinkels en Boeken fan Fryslân, in inisjatyf fan de Afûk. Ferline wike krige elkenien dy't by in boekwinkel yn Fryslân in boek kocht, it Fryske boek Lockdownleafde kado. En dat bliek in goeie set te wêzen Der moasten hûnderten boeken by besteld wurde, en dy binne allegearre útferkocht.
Fryske boekewike grut sukses
Op fersyk fan Boeken fan Fryslân hat Hilda Talsma it Fryske boek Lockdownleafde skreaun. Elkenien dy't ferline wike in boek kocht, Nederlânsk of Frysk, krige Lockdownleafde kado. De organisaasje hie yn earste ynstânsje 1.000 boeken printsje litten, mar dy wiene binnen de koartste kearen fuort. Sy ha doe noch 500 boeken by meitsje litten.

Fryske roman sit yn de lift

Wat opfalt, is dat net allinne Nederlânske boeken mear lêzen wurde, mar ek de Fryske boeken. Boekwinkel Planteyn op De Gordyk is ien fan de winkels dy't meidie oan de Fryske Boekewike.
Eigener Linda Eppenga sjocht ek in taname yn it tal Fryske boeken dat kocht wurdt. "De Fryske berneboeken en de non-fiksje giet it hiele jier wol troch, mar de Fryske roman wie de lêste jierren wat minder populêr. Der binne no in oantal nije auteurs dy't in grutter en breder publyk oansprekke. Kinst echt wol fernimme dat de Fryske roman wer yn de lift sit."
© Omrop Fryslân, Jantine Stoffers
De organisaasje is bliid dat de Fryske Boekewike sa'n sukses is, seit ek Ida Heddema fan de Afûk en Boeken fan Fryslân. "Wy ha noch nea sa folle Fryske boeken ferkocht. De skriuwers en boekwinkels binne entûsjast en it is hiel leuk oppikt", seit Heddema.
De Afûk fynt it belangryk dat der Frysk lêzen wurdt. "Frysk is ûnderdiel fan ús kultuer en identiteit. En do learst der ek wer fan, want de boeken dogge dy eins wer oan dyn taal tinken."