Trainer Symen Abe Hoekstra jier langer by sealfroulju Drachtster Boys

Symen Abe Hoekstra is ek takom seizoen de trainer fan de sealfroulju fan Drachtster Boys. Hoekstra giet dêrmei syn sânde seizoen yn as trainer fan it frouljusteam dat útkomt op it heechste Nederlânske sealfuotbalnivo. Ek assistint-trainer Jos Alkema bliuwt takom seizoen belutsen by it team.
© Drachtster Boys VR1
Hoekstra hopet takom seizoen wer mei dwaan te kinnen om it kampioenskip fan Nederlân. It seizoen 2019/20 einige mei de bekerfinale en de play-offs yn it sicht en it seizoen 2020/21 waard nei fjouwer wedstriden al ôfbrutsen fanwegen it coronafirus.
It bestjoer fan de Drachtster Boys is 'zeer content met deze ontwikkeling en wenst beide heren veel succes toe'.
Foar Hoekstra is it mei syn kontraktferlinging dûbeld feest, earder op snein fûn Hoekstra noch it earste ljipaai fan de gemeente Ljouwert.