Hûnderten minsken dogge mei oan 'klimaatalarm' by de Aldehou yn Ljouwert

14 mrt 2021 - 16:29

Hûnderten Friezen sloegen sneintemiddei om 15.00 oere 'klimaatalarm' troch yn Ljouwert mei potten en pannen en ferskate muzykynstruminten safolle mooglik leven te meitsjen. Neffens de organisearjende klimaatkoälysje Fryslân luts de manifestaasje by de Aldehou in lytse 500 minsken. Dy hiene hast allegearre in mûlkapke op en diene ek har bêst om de oardel meter ôfstân te bewarjen.

Dirk Kuiken fan klimaatkoälysje Fryslân wie tige te sprekken oer de opkomst. "In moai kontrast mei freed. Doe luts Forum in soad minsken dy't de klimaatferoaring ûntkenne. Hjoed (snein, red.) kinne je sjen dat der yn Fryslân ek in soad minsken binne dy't har wol soargen meitsje oer it klimaat."

De demonstranten waarden tasprutsen troch ûnder oare professor Theunis Piersma. Hy makket him soargen oer de klimaatferoaring, dy't neffens syn gegevens 'yn folle gong' is. "Wy sille echt feroarje moatte. De waarme simmer fan 2020 is miskien wol ien fan de koelste fan de kommende 100 jier."

Gjin stimadvys

De dielnimmers waarden troch de studinten fan Fridays for Future oproppen om by de ferkiezingen fan kommende woansdei goed om it klimaat te tinken. "In stimadvys jouwe we net", seit Kuiken. "De minsken dy't hjir binne, witte sels hiel goed watfoar partij se net stimme moatte as it om it klimaat giet."

Njonken taspraken wiene der ek muzikale bydragen fan Nynke Laverman en it duo Syb van der Ploeg en Piter Wilkens. Njonken Ljouwert wie der ek yn tsientallen oare stêden yn Nederlân klimaatalarm.

Sa klonk it klimaatalarm by de Aldehou

Harkje nei Theunis Piersma en Dirk Kuiken

Trefwurden: 
Ljouwert kllimaataksje
(Advertinsje)
(Advertinsje)