RIVM: 321 nije coronabesmettingen yn Fryslân, heechste tal sûnt 8 jannewaris

14 mrt 2021 - 15:20

It RIVM meldt snein 321 nije coronabesmettingen yn Fryslân. Dat binne 95 mear as sneon, doe wiene der 226 nije besmettingen. Sûnt it begjin fan de coronakrisis waard mar op twa dagen in heger tal meld. Yn de ôfrûne wike binne der alle dagen yn trochsneed 199 besmettingen konstatearre.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

De measte nije besmettingen binne meld yn de gemeenten Ljouwert mei 71, Súdwest-Fryslân mei 62 en Waadhoeke mei 33 besmettingen.

Yn Fryslân is yn de ôfrûne 24 oeren gjin stjergefal meld.

Der is ien sikehûsopname as gefolch fan it firus meld. Dat giet om in ynwenner fan de gemeente Waadhoeke.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Lanlike sifers

Lanlik binne 6.012 minsken besmet mei it coronafirus yn de ôfrûne 24 oeren. Dat is boppe it gemiddelde fan de ôfrûne wike, want dat leit op 5.328.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus coronasifers
(Advertinsje)
(Advertinsje)