Sander Arends krekt ûnderút yn finale ATP-toernoai Marseille

Tennisser Sander Arends is der snein net yn slagge it ATP-toernoai fan Marseille op syn namme te skriuwen. De Ljouwerter dûbeldspesjalist ferlear, mei David Pel, mei 5-7 6-7 fan Lloyd Glasspool út Ingelân en Harry Heliovaara út Finlân.
© Orange Pictures
It wie foar Arends de tredde kear dat hy yn de finale fan in ATP-toernoai stie. Hy wûn noch gjin inkele kear.
Ek snein siet winst der net yn foar de Ljouwerter, hoewol't it in spannende finale wie. Arends en Pel krigen gjin kâns op de opslach fan de tsjinstanner. Wêr't Glasspool en Heliovaara 1 fan de 6 breakpoints pakten, krigen de Nederlanners net iens in breakpoint.
Nettsjinsteande it ferlies yn de finale, kinne Arends en Pel hiel tefreden wêze oer ôfrûne wike. Se pakten trije kear in knappe oerwinning en stiene foar it earst as duo yn in finale op it heechste nivo.