Hinne Bokma nimt nei 23 jier ôfskied fan syn krante Op 'e Skille

14 mrt 2021 - 12:00

Yn 23 jier makke hy 600 eksimplaren: Hinne Bokma fan Wommels is de man dy't de krante Op 'e Skille folskreau mei ferhalen oer 'syn' Greidhoeke. De nijtsjes út de doarpen, gemeentepolityk en fansels de sport kamen yn de krante. Ek de foto's makke er sels. Hinne Bokma is de krante. Op 'e Skille komt moanliks út en wurdt ferspraat yn it gebiet fan de âlde gemeente Littenseradiel. Dizze wike komt de lêste krante út dy't folslein troch Bokma makke is. Hy giet mei pensjoen.

Hinne Bokma nimt ôfskied fan Op 'e Skille

Al yn syn jeugd kaam Hinne Bokma yn 'e kunde mei de Greidhoeke-krante omdat heit yn de redaksjekommisje siet. Dat wie begjin jierren '60. Hinne gie sels ek de sjoernalistyk yn. Hy wurke by it Friesch Dagblad dêr't hy yntusken al mei pensjoen is.

Mar ein jierren '90 kaam Op 'e Skille wer op syn paad. Hy naam de krante oer en fersoarge it gebiet fan de Greidhoeke fan nijs en moaie ferhalen. De oplage fan de krante is 5900 en wurdt troch sa'n 40 besoargers hûs oan hûs brocht. De advertinsjes leverje it jild op, de krante komt fergees yn de bus.

Foto: Simone Scheffer

Yn al dy 23 jier is der in soad feroare, mar de ferhalen bleaunen itselde. Oer minsken. Neffens Bokma feroaret dêr net safolle oan. Syn frou helpt him ek mei ferhalen en giet wol mei him op 'en paad.

Ien ding is wol bot feroare. De gemeente Littenseradiel is by de weryndieling opdield yn trije gemeenten. Dat is wol yngewikkelder foar de sjoernalist. Eartiids koe hy gewoan efkes in bakje helje op it gemeentehûs yn Wommels dêr't hy wennet. No is alles op gemeenteflak fierder fuort.

Frysk

De taal yn de krante is foar de helte Frysk en de helte Nederlânsk. Dat is gjin probleem neffens Bokma, der komt net folle kommentaar op, ek net no't der mear 'Hollanners' yn de doarpen komme te wenjen. Hy is der grutsk op dat de Fryske taal sa prominint yn de krante brûkt wurdt.

Hinne Bokma fan Op 'e Skille

Nei 23 jier is it momint fan ôfskied no dochs kaam. De krante wurdt oernaam troch Gerben van Snits. Bokma is der tige wiis mei en hat alle fertrouwen yn in goede takomst fan de krante.

Gjin moanlike ritsjes mear rjochting Emmeloord om de krante by de drukker wei te heljen, gjin oerlis mear mei de opmakkers fan de krante en gjin ferhalen mear fan de hân fan Bokma.

Of dochs noch wol... jawol, it keatsen is in grutte leafde fan Bokma. Hy bliuwt skriuwen foar Op 'e Skille oer de Fryske sport en fansels de Freule.

Foto: Simone Scheffer
(Advertinsje)
(Advertinsje)