Streekprodukten ferkeapje better yn coronatiid

14 mrt 2021 - 11:09

'Buurvrouw Durkje', it biologyske suvelmerk út Vegelingsoard, fernimt dúdlik dat de coronatiid derfoar soarge hat dat hieltyd mear minsken streekprodukten keapje. "Wy ferkeapje ek fia de Streekboer en we sjogge dat we dêr 30 oant 40 prosint mear ferkeapje", seit Durkje Brouwer-de Koning.

Durkje Brouwer de Koning follet flessen mei healfolle molke - Foto: Omrop Fryslân

In soad minsken wolle de lokale ûndernimmers dy't it dreech ha stypje. Boppedat wolle in protte minsken net te fier reizgje, fine se de drokte yn de supermerk net noflik en gean se leaver nei in lyts winkeltsje of keapje se oan 'e doar. By Buurvrouw Durkje kin dat op sneontemoarn. Boppedat ferkeapet it suvelbedriuw de produkten fia 'De Streekboer'.

'Buurvrouw Durkje'

Durkje Brouwer-de Koning is njonken har wurk op de buorkerij ek arts-assisint yn it sikehûs yn Snits. In kombinaasje dy't se net graach misse wol: "Fan jongs ôf oan wol ik al boerinne wurde. Mar mem fûn dat ik ek wat achter de hân ha moast en dêrom ha 'k wol trochleard. Ik wurkje yn it sikehûs as 'physician assistant' mar dat is sa'n dreech wurd, dus sis mar gewoan arts-assistint", laket se. "Yn it sikehûs wurkje ik foaral mei de holle en ik gean mei minsken om. Dat mei ik hiel graach dwaan en dat is in prachtige ôfwikseling mei it wurk hjir op de buorkerij."

Mem Trientsje en Durkje har man André sitte ek yn it bedriuw. "Mem makket tsiis en allerhande fla- en yochertprodukten en André soarget foar de masines." It biologyske suvelbedriuw hat in fêst ritme. Alle dagen fan de wike is dúdlik wat der barre moat. Op tiisdei begelyks wurde de flessen mei molke folle en makket in jonge meiwurkster neigesetsjes fan slachrjemme. "Wy besykje sneins frij te hâlden, mar dat slagget net altyd" seit Durkje, dy't sichtber mei in hiel soad nocht fertelt oer har bedriuw.

Stedsbuorkerij 'De Sibbe'

Ek by 'De Marren', it keurmerk foar streekprodukten yn it marregebiet fan Fryslân, fernimme se de populariteit fan lokale produkten. Johannes Lankaster is koördinator fan 'De Marren' en hat sels in stedsbuorkerij ûnder de reek fan Snits yn Loaiïngea. 'De Sibbe' hjit de buorkerij, nei de betsjutting fan (fiere) famylje, generaasjes. De namme is sa keazen omdat de takomst sintraal stiet: wat litte wy achter foar de bern fan de bern fan ús bern?

Yn it buorkerijwinkeltsje ferkeapje Johannes Lankaster en syn frou Herma Lenten produkten dy't troch lytse ûndernimmers makke binne. Boppedat binne se dwaande mei it oanlizzen fan in 'voedselbos', ha se in grutte folkstún, brûke se de stront fan de hynders as dong, soargje se sels foar de enerzjyfoarsjenning troch sinnepanielen en runne se simmerdeis in minycamping.

Lankaster fynt dat wy werom moatte nei folle lytsskaliger bedriuwen. "De voedselindustrie is veel te groot geworden met allerlei ingewikkelde regels. Als je duurzaam wilt dan moet je terug naar dicht bij huis produceren én kopen." Lankaster wol safolle mooglik selsfoarsjennend wêze. "De appelboom in mijn voedselbos groeit dankzij de mest van mijn paarden. Ik kan de appels persen met behulp van de stroom die ik zelf opgewekt heb. En vervolgens serveer ik mijn campinggasten een glaasje appelsap op mijn terras. Dat is toch prachtig?"

Streekkeurmerk

'Buurvrouw Durkje' en stedsbuorkerij 'De Sibbe' ha beide it streekkeurmerk fan 'De Marren', dat is in inisjatyf om produsinten fan streekprodukten byinoar te bringen te stypjen by it ferkeapjen fan de produkten. Troch it keurmerk is it foar de konsumint dúdlik dat it om in streekprodukt giet dat duorsum makke is. Sa moat de ûntwikkeling fan streekprodukten út it Fryske marregebiet stimulearre wurde. Tink mar oan fisk fan de fiskers út Laaksum, Koudumer beantsjes en blomkoal en fansels allegear suvel- en fleisprodukten fan de feeboeren.

Harkje hjir nei de Buro de Vries-reportaazje oer streekprodukten

(Advertinsje)
(Advertinsje)