Earste ljipaaien yn Ljouwert, Weststellingwerf, Achtkarspelen, Tytsjerksteradiel en Dantumadiel

14 mrt 2021 - 16:19

Symen Hoekstra fûn sneintemoarn it earste ljipaai fan de gemeente Ljouwert. De 51-jierrige Koarnjumer hie it spantsje al de hiele wike op it each. Hy gie sneon net it fjild yn om't der in oare auto 'op 'e daam' stie, mar de melding fan in fynst bleau út. Ek yn de gemeenten Weststellingwerf, Achtkarspelen, Tytsjerksteradiel en Dantumadiel binne de earste ljipaaien fûn.

Symen Hoekstra - Foto: BFVW

Nei in minne nacht gie Symen sneintemoarn betiid fan bêd ôf. Hy seach it sijke op it nêst sitten, wer opstean en doe begûn se te 'strieke smiten'. It aai moast der wêze en tsjin achten fûn er it aai yndie.

Hennie van der Heide - Foto: BFVW

Weststellingwerf

Yn Weststellingwerf wie Hennie van der Heide de lokkige finer fan it earste aai. De 60-jierrige man fan Aldhoarne fûn it earste aai om kertier oer achten sneintemoarn. It is al syn njoggende kear dat er in gemeente-aai fynt.

Auke Tuinstra - Foto: BFVW

Achtkarspelen

Auke Tuinstra melde sneintemoarn om in oere as njoggen it earste ljipaai fan Achtkarspelen. Hy die syn fynst nei't er earder dy moarn in praatsje makke mei de finers fan it aai fan Noardeast- Fryslân. In oerke letter seach Auke op it perseel yn Gerkeskleaster dêr't de beide aaisykmaten earder wienen in ljipke dat oan it gedrach te sjen in aai hie. Auke naam de gok en rûn derhinne en der lei yndie in aai.

Herman Smedes - Foto: BFVW

Tytsjerksteradiel

Om healwei ienen kaam de melding dat Herman Smedes it earste ljipaai yn Tytsjerksteradiel fûn hie. Hy wie mei syn maat Remco Hamstra op 'en paad. Herman seach it aai yn de buert fan Garyp, yn syn eigen neisoarchgebiet by in plasdras.

Ewout Schröder en Klaas Stapensea - Foto: BFVW

Dantumadiel

Al tsien dagen binne Ewout Schröder fan Akkrum en Klaas Stapensea fan Emmeloord tegearre op paad. Sneintemiddei tsjin trije oere wie it lang om let raak. Yn it Bûtefjild fûnen se it aai. It is de tredde kear dat Ewout en leafst de fyftjinde kear foar Klaas dat se it earste aai yn in gemeente fine.

Mei dizze fynsten binne de frije fjilden yn de gemeenten Ljouwert, Weststellingwerf, Achtkarspelen, Tytserksteradiel en Dantumadiel no sletten. Allinnich Harns en Eaststellingwerf binne no noch iepen.

Ljipaaikaart

Sjoch op dizze kaart yn hokker gemeenten al it earste ljipaai fûn is. Grien is it earste ljipaai fan Fryslân, blau is it earste ljipaai yn in gemeente en read betsjut dat der noch gjin earste aai fûn is yn dizze gemeente.

(Advertinsje)
(Advertinsje)