WEROMBLIK: Friezen yn de Twadde Keamer

14 mrt 2021 - 09:14

De kâns is grut dat nije wike wer in tal Friezen in sit krijt as folksfertsjintwurdiger yn de Twadde Keamer. Yn dizze weromblik in pear Fryske Twadde Keamerleden út eardere jierren. Lykas Annemarie Jorritsma dy't yn 1990 noch gewoan op it Binnenhof parkearje koe foar't se oan de slach gie as keamerlid foar de VVD.

In keamerlid út Fryslân is net itselde as in regionaal fertsjintwurdiger, neffens Jorritsma yn 1990:

De folsleine dokumintêre út 1990 oer Annemarie Jorritsma is werom te sjen op Weromrop.

Underwilens is Jorritsma sûnt 2015 lid fan de Earste Keamer.

Joop Atsma

Dat jildt ek foar Joop Atsma dy't fan 1998 oant 2010 Twadde Keamerlid foar it CDA wie. Hy neamde it keamerwurk yn 2001 it moaiste berop dat der is.

Joop Atsma yn 2001 oer it wurkjen yn it sintrum fan de macht:

In wichtige baan as Twadde Keamerlid dogge je der net samar even by.

Rendert Algra

Yn 2003 makke Omrop Fryslân in reportaazje oer doe CDA-keamerlid Rendert Algra, dy't fertelde dat in keamersit ien altyd dwaande hâldt.

Gelokkich koe Rendert Algra yn 2003 mei mar in pear oerkes sliep ta:

Sjoch hjir nei de folsleine reportaazje út 2003 oer Rendert Algra yn it programma Tritigers op Weromrop.

Mar it keamerlidmaatskip bestiet net allinnich út lange gearkomsten en debatten yn Den Haag.

Jacques Tichelaar

Ek it politike hânwurk as folderjen op strjitte is fan belang. Yn 2006 fertelde Jacques Tichelaar, doe Twadde Keamerlid foar de PvdA, dat sok wurk eins noch it wichtichste is.

By it flyerjen hearre je pas echt wat der spilet ûnder de befolking, sei Jacques Tichelaar yn 2006:

Besjoch de dokumintêre 'Twa Friezen op it Binnenhof' út 2006 oer twa politisy dy't kampanje fiere om opnij yn de Twadde Keamer ferkeazen te wurden:

'Twa Friezen op it Binnenhof' út 2006

(Advertinsje)
(Advertinsje)