Rjochtbankbeslút tsjin útwreiding melkfeehâlderij is 'nije bom ûnder stikstofbelied'

13 mrt 2021 - 22:48

De provinsje Fryslân hat ûnterjochte in fergunning jûn oan in melkfeehâlder yn Ie om syn bedriuw út te wreidzjen. Dat hat de foarsjenningenrjochter fan de rjochtbank Noard-Nederlân bepaald. Neffens miljeu-organisaasje Mobilisation for the Environment leit de útspraak "opnieuw een bom onder het stikstofbeleid".

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

De advokaat fan de provinsje sei op de sitting dat de fergunning ferliend wurde koe omdat de feehâlder saneamde 'emisjereduksjetechniken' brûke soe. Mei oare wurden: maatregels wêrby't de stikstofútstjit net heger wurdt, nettsjinsteande it hâlden fan mear bisten. Yn Nederlân meie allinnich noch mar natuerfergunningen foar nije feestâlen ferliend wurde, as sokke techniken brûkt wurde.

Al langer twivels oer effektiviteit

Saakkundigen ha al langer twivels oer de effektiviteit fan sokke techniken, sei de advokaat fan Mobilisation for the Environment (MOB). Undersiken fan de Wageningen Universiteit en it CBS soene oantoane dat der "ernstige twijfels bestaan" oer de wurking dêrfan.

De rjochter oardielet dat de provinsje Fryslân "ten onrechte tot de conclusie is gekomen dat het zeker is dat er ten gevolge van het onderhavige project geen significante gevolgen kunnen optreden op de betrokken Natura-2000 gebieden". It beslút om de fergunning te ferlienen is dêrom ferneatige.

Onze bestuurders geloven vaak in luchtkastelen als het om milieutechniek gaat.

De advokaat fan Mobilisation for the Environment

Neffens MOB betsjut de útspraak dat der eins gjin nije útwreidingen fan feehâlderijbedriuwen mear tastien wurde kinne. "Onze bestuurders geloven vaak in luchtkastelen als het om milieutechniek gaat", seit de advokaat fan de miljeu-organisaasje. "Het heilige geloof in milieutechniek is een smoes om geen keuzes te hoeven maken. Met de uitspraak van de rechtbank wordt daar een einde aan gemaakt."

LTO: "Keiharde tegenvaller voor de melkveehouder"

Foarsitter Sjaak van der Tak fan lânbou-organisaasje LTO neamt de útspraak fan de rjochter "een keiharde tegenvaller voor de melkveehouder die geïnvesteerd heeft om stikstof te reduceren." Van der Tak wol rap om tafel mei it ministearje fan Lânbou. Dat sil takom wike heve.

Yn 2019 focht de MOB, ûnder lieding fan foarsitter Johan Vollebroek, al mei sukses it Nederlânske stikstofbelied oan by de Ried fan Steat.

(Advertinsje)
(Advertinsje)