Bochniewicz lilk oer tsjingoals: "Te maklik om tsjin ús te skoaren"

13 mrt 2021 - 21:42

In nederlaach yn in krúsjale wedstriid. Dat seit SC Hearrenfean-middenfjilder Lasse Schöne oer it 3-1 ferlies fan syn ploech tsjin leechfleaner Willem II. "Ik ben wel erg teleurgesteld", seit de winteroanwinst. "Ik denk dat wij de betere waren vandaag, maar als je ziet hoe makkelijk wij goals tegenkrijgen, dan wordt het lastig."

Lasse Schöne nei Willem II - SC Hearrenfean

By ferdigener Pawel Bochniewicz oerheasket net allinnich teloarstelling. "Ik bin lilk, fansels bin ik lilk. Ik hie it gefoel dat we dizze wedstriid winne koenen. We hiene mear balbesit, as in team wiene we better. Mar it resultaat is 3-1, dus it makket net út hoe't we spile hawwe."

Neffens him lei dat ûnder mear oan de konsintraasje by him en syn teamgenoaten. "Somtiden ferlearen we de bal en joegen we se in hiel soad romte. Dy romte brûkten se om de goals te meitsjen. It wie te maklik om tsjin ús te skoaren", seit de Poalske ynternasjonal.

Pawel Bochniewicz nei Willem II - SC Hearrenfean

Hoe kin it dat Hearrenfean, nettsjinsteande it bettere spul, dochs wer ferliest? "Dat vraag ik mij ook af", seit trainer Johnny Jansen. "Ik vind dat je ook nu weer de eerste twintig minuten volledig onder controle hebt. Je bent gewoon heel aardig aan het voetballen. Je creëert misschien wel wat te weinig mogelijkheden, maar je hebt het gewoon onder controle man. In die discipline moet je gewoon blijven voetballen."

"Dan zie je dat het tempootje wat omlaag gaat en dat je de tegenstander het gevoel geeft dat er wat te halen is. Dan zie je de discipline wegzakken. Dat kan gewoon niet. Het belangrijkste is dat ik vind dat we op mentaliteit verloren hebben", seit de trainer.

Trainer Johnny Jansen nei Willem II - SC Hearrenfean

Schöne tinkt krekt dat it mentaal wol goed sit by Hearrenfean. "Ik kan alleen maar voor mezelf spreken, maar dat is in mijn geval niet. Ik denk ook voor de jongens niet. We zijn allemaal met één bedoeling hier naartoe gegaan en dat is om drie punten mee naar huis te nemen. Dat is niet gebeurd en dat is zeer teleurstellend."

De hoop op de play-offs om Europeesk fuotbal is noch net opjûn. "Je wilt blijven strijden voor de play-offs. Daar wil je bij blijven. Dan is vrijdag cruciaal. Nu hebben we even een weekje de tijd, maar dan moeten we wel uit een ander vaatje tappen om Twente te verslaan", seit Schöne.

(Advertinsje)
(Advertinsje)