SC Hearrenfean ferliest fan leechfleaner yn foarm

13 mrt 2021 - 18:19

SC Hearrenfean is yn Tilburg tsjin in gefoelige nederlaach oprûn. Willem II wie mei 3-1 te sterk. De thúsploech stie by it skoft al mei 1-0 foar en wreide dy foarsprong yn de twadde helte út. Pas yn de lêste tweintich minuten die Joey Veerman wat werom, mar spannend waard it net mear.

Lasse Schöne tusken twa Willem II-spilers yn - Foto: Orange Pictures

De Friezen hiene yn de iepeningsfaze it bettere spul, mar nei in lyts healoere kaam de thúsploech op foarsprong troch in doelpunt fan Sebastian Holmén. Hy koe in foarset fan Mike Trésor yn de fiere hoeke binnenkoppe. De grutste kâns op de lykmakker wie foar Henk Veerman. In lege foarset fan Lasse Schöne wurke hy lykwols yn de hannen fan doelman Arijanet Muric.

Genadeklap

Nei tsien minuten yn de twadde helte ferdûbele Kwasi Wriedt de foarsprong fan Willem II. Ek hy skoarde mei in kopbal yn de fiere hoeke, ditkear kaam de foarset fan Ché Nunnely. Trije minuten letter wie hy de man fan de genadeklap. Vangelis Pavlidis koe de bal yn earste ynstânsje net foarby doelman Erwin Mulder krije, mar yn twadde ynstânsje slagge Nunnely dat wol.

Mei noch tweintich minuten op de klok kaam Hearrenfean noch wol werom, nei't Joey Veerman in kombinaasje mei Henk Veerman ôfmeitsje koe. De Friezen setten yn de slotfaze noch wol in soad druk op Willem II, mar it bleau by de earetreffer fan Veerman. Doelman Muric fan Willem II kaam eins net yn de problemen.

Djoere punten

Troch it ferlies bliuwt Hearrenfean op it njoggende plak stean. Letter dit wykein kinne de konkurrinten om it achtste plak, dat nei alle gedachten rjocht jout op in plakje yn de play-offs om Europeesk fuotbal, wol ôfstân nimme fan de Friezen. Takom wike spilet Hearrenfean thús tsjin Twente. Dy wedstriid is freedtejûn.

Willem II - SC Hearrenfean 3-1 (1-0) 28. Sebastian Holmén 1-0, 55. Kwasi Okyere Wriedt 2-0, 59. Ché Nunnely 3-0, 73. Joey Veerman 3-1

Opstelling SC Hearrenfean: Erwin Mulder; Jan-Paul van Hecke, Ibrahim Dresevic (60/Sherel Floranus), Pawel Bochniewicz, Rami Kaib; Rodney Kongolo (60/Rami Hajal), Lasse Schöne, Tibor Halilovic (79/Benjamin Nygren); Mitchell van Bergen, Henk Veerman, Joey Veerman

(Advertinsje)
(Advertinsje)