Aris fersmyt grutte foarsprong yn Amsterdam en ferliest opnij

Basketbalklup Aris hat de earste wedstriid yn de pûl Elite B ferlern. Yn Amsterdam wie Apollo mei 82-78 te sterk. De play-offs reitsje foar Aris hieltyd fierder út sicht.
Tim Dedecker (argyffoto) © Orange Pictures
Nei in matich begjin pakte Aris oan de ein fan it earste kwart de foarsprong (22-20). De Ljouwerters wreiden dy foarsprong yn it twadde kwart út. By it skoft wie it 51-40 foar Aris. De produksje waard foar in grut part ferdield tusken Chad Frazier (11 punten), Cedric Dedecker (10) en Sjoerd Koopmans (7).

Dramatyske twadde helte

Yn it tredde kwart behold Aris wol de foarsprong, Apollo kaam nei it skoft bytsje by bytsje tichterby. Healwei it fjirde kwart pakten de Amsterdammers sels de foarsprong. Mei in pear rake trijepunters yn de lêste minuten besliste Apollo de wedstriid. De Amsterdammers skoarden nei it skoft 42 punten, Aris kaam net fierder as 27.
Dedecker sleat de wedstriid ôf mei 16 punten foar Aris. Frazier en Koopmans skoarden yn de twadde helte net mear.
It is foar Apollo pas de tredde oerwinning. De Amsterdammers boekten earder dit seizoen har earste oerwinning ek al tsjin Aris. Aris bliuwt op twa winstpartijen stean.
It wie de earste wedstriid yn de kompetysjeronde Elite B. De kompetysje is nei de earste alve wedstriden opdield yn twa pûls. De bêste seis sitte no yn Elite A, de minste seis (wêrûnder Aris) yn Elite B. De twa ploegen dy't boppe-oan Elite B einigje, pleatse har mei de seis ploegen út Elite A foar de play-offs.
It ferskil tusken Aris en de nûmer twa fan de Elite B is op it stuit seis punten.