Femke Wiersma op 'e Lemmer: "BBB wurdt de ferrassing fan de wedstriid"

13 mrt 2021 - 17:40

De kampanjebyienkomst fan de BoerBurgerBeweging op 'e Lemmer luts sneon tsientallen jonge boeren. De measten fan harren hiene de trekker meinommen foar in optocht troch De Lemmer, Eastersee, Follegea en Jistergea. Femke Wiersma út Holwert, de nûmer twa op de list fan de BBB, spruts de boeren fol selsbetrouwen ta op it Lemster iisbaanterrein.

Femke Wiersma op 'e Lemmer: "BBB wurdt de ferrassing fan de wedstriid"

Wiersma tinkt dat BBB nije wike wolris 'de ferrassing fan de wedstriid' wurde kin. Se tinkt dat opinypeilers de plattelânsstim en dêrmei ek de BBB oer de holle sjogge. "Op it plattelân wurdt folle minder peild. Minsken yn it bûtengebiet jouwe har folle minder gau op foar soks en dan krije je in fertekene byld." Op basis fan de sinjalen dy't de partij sels krijt rekkenet Wiersma op yn alle gefallen ien sit yn de Twadde Keamer, ek al is de partij oant no ta by de opinypeilers net yn byld.

De opkomst fan de BBB sil it CDA nei alle gedachten stimmen kostje, tinkt Wiersma. In soad boeren op it plattelân stimme tradisjoneel op it CDA, mar foar de jonge boeren jildt dat folle minder. Unfrede oer de stikstofregels spilet dêryn in grutte rol, mar der is mear. "Lânbougrûn is it goud fan Nederlân. Dat mei net opoffere wurde oan natuergebieten of sinneparken", sei Wiersma tsjin har efterban. "It giet ús om it belang fan it bûtengebiet. Dat telt yn Den Haag net mei. Der wurde allegearre plannen foar betocht, sûnder dat de bewenners dêroer meiprate kinne en dat moat oars."

Femke Wiersma sprekt op de kampanjebyienkomst fan BBB op 'e Lemmer - Foto: Omrop Fryslân

Harkje nei BBB-kandidaat Femke Wiersma

JONG

Yn Snits wie sneontemoarn de politike partij JONG drok oan it kampanjefieren. JONG is in jiermannich lyn yn Fryslân oprjochte en stribbet nei mear direkte macht en ynfloed foar jongeren yn Den Haag. "Of het nu om volkshuisvesting gaat of om de coronamaatregelen, over alles worden besluiten genomen voor jongeren zonder dat de jongeren meepraten", seit Dennis Goedhart, de nûmer 9 op de list út Boalsert.

De partij fiert kampanje ûnder it motto #nietzonderons. Njonken de online-kampanje wol de partij ek op strjitte aktyf wêze. Seker yn Fryslân, want dêr is de partij fjouwer jier lyn oprjochte troch Jacob de Groot en Jan Geelen.

De lêste is al pake, mar wurdt as 'âldere jongere' op de list tolerearre en is seker net minder fanatyk. "Er wordt veel met en over jongeren gepraat, maar ze mogen nergens meebeslissen", seit Geelen. Lykas de BBB is ek JONG foarsichtich optimistysk oer de kâns op in sit yn de Twadde Keamer. Om dy kâns sa grut mooglik te meitsjen giet de partij oant woansdei troch mei kampanjefieren. Op de merk yn Snits wie JONG sneon de iennichste partij dy't drok oan it folderjen wie.

Jacob de Groot en Jan Geelen fan JONG oan it plakken yn Snits - Foto: Omrop Fryslân

Harkje nei de trije Fryske kandidaten fan JONG

(Advertinsje)
(Advertinsje)