LDODK nei oerwinning op Oost-Arnhem wis fan play-offs
LDODK hat him sneon pleatst foar de play-offs om it kampioenskip yn de Kuorbal League. Yn de ien-nei-lêste reguliere kompetysjewedstriid wûnen de Gordyksters mei 26-23 fan hikkesluter Oost-Arnhem.
Yn de earste helte hiene de Gordyksters in soad muoite mei Oost-Arnhem. By it skoft stie der sels in efterstân op it skoareboerd: 10-11. Diana van der Vorst, dy't nei dit seizoen ophâldt mei kuorbaljen, makke fjouwer goals foar LDODK.
Sterke wiksels
Yn de twadde helte kamen de Friezen lykwols wat mear op stoom. Oost-Arnhem kaam earst noch foar mei 12-13, mar doe wist LDODK it gat fan de koer ynienen wer te finen. Se rûnen flot út nei 20-14. Under mear troch trije goals fan ynfaller Christian Dekker en sân doelpunten fan Erwin Zwart gie de oerwinning úteinlik mei 26-23 nei LDODK.
Mei de oerwinning is LDODK wis fan de play-offs om it lânskampioenskip, om't Groen Geel letter op sneon mei 11-19 ferlear fan PKC. Snein ferlear Blauw Wit (A) ferrassend mei romme sifers fan KZ: 12-28
Erwin Zwart:
Diana van der Vorst mei LDODK nei de play-offs:
Kuorbal League
Stân | Duels | Punten |
1. PKC* | 9 | 18 |
2. KZ* | 9 | 10 |
3. LDODK* | 9 | 9 |
4. Blauw Wit (A)* | 9 | 9 |
5. Groen Geel | 9 | 6 |
6. Oost-Arnhem | 9 | 2 |