226 nije coronabesmettingen yn Fryslân, measte sûnt 26 febrewaris

13 mrt 2021 - 16:18

It RIVM meldt sneon 226 nije coronabesmettingen yn Fryslân. Dat binne 70 mear as in dei earder, doe wiene der 156 nije besmettingen. Yn de ôfrûne wike binne der alle dagen yn trochsneed 173 besmettingen konstatearre.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

De measte nije besmettingen binne meld yn gemeenten Ljouwert (42), Súdwest-Fryslân (39) en Smellingerlân (26).

Yn Fryslân is der de ôfrûne 24 oeren ien stjergefal meld, dat giet om in ynwenner fan De Fryske Marren.

Der binne twa sikehûsopnamen as gefolch fan it firus meld. Dat binne ynwenners fan Ljouwert en De Fryske Marren.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Lanlike sifers

Lanlik binne 6.446 minsken besmet mei it coronafirus yn de ôfrûne 24 oeren. Dat is boppe it gemiddelde fan de ôfrûne wike, want dat leit op 5.121.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)