Nei fûle brân binne der no plannen foar nijbou fan Stille Boot yn Heech

13 mrt 2021 - 14:25

Yn Heech komt in nij gebou op it plak dêr't yn desimber foarich jier it bedriuw 'Stille Boot' by in fûle brân ferlern gie. Eigener Anton van Wijk krige ein febrewaris te hearren dat de fersekering him jild útkeare sil. Dêrmei is der genôch romte om it ferlies fan it pân te boppe te kommen.

Nijbou Stille boot

It bedriuw ferkeapet elektronyske oandriuwingen foar boaten. De boatesektor hat net in soad lêst fan de coronakrisis, dus ek by Stille Boot wie it drok. Om dy reden moast der nei de brân ek gau in oar ûnderkommen fûn wurde, sadat klanten wol safolle as mooglik holpen wurde koene. Dat slagge, want al binnen twa dagen hie Van Wijk de kaaien foar in pân yn Snits.

Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

No is Van Wijk mei de gemeente Súdwest-Fryslân oan it praten oer in nij pân yn Heech. Oan it ein fan dit jier moat der wer in nij gebou stean op de fundearring fan it âlde.

Trefwurden: 
brân Snits Heech Stille Boot
(Advertinsje)
(Advertinsje)