Opstappend stichtingsbestjoer hat noed oer tafersjoch by Cambuur

13 mrt 2021 - 14:24

De druk op it stichtingsbestjoer fan SC Cambuur waard te grut en om dy reden hat it bestjoer freed besluten op te stappen. Dat fertelt Cees Anceaux, de foarsitter fan it stichtingbestjoer, sneon yn in wiidweidige reaksje. Tagelikertiid fertelt er dat se noed hawwe oer in oantal saken binnen de Ljouwerter fuotbalklup. Freed joech algemien direkteur Ard de Graaf oan bliid te wêzen dat dizze 'vervelende periode' no efter de rêch is.

Cees Anceaux

"De druk werd enorm, dus we hadden geen keuze. De oneigenlijke druk die op de stichting is uitgevoerd, dat voelt niet heel fijn. Van alle geledingen binnen de club. Het is heel spijtig, want we hadden hele goede redenen om het te doen zoals we het wilden doen", fertelt Anceaux, wêrby't er doelt op de oplossing dy't it stichtingsbestjoer oandroegen hat. Se soene dêryn nei it seizoen opstappe, mei twa leden fan de ried fan kommissarissen. Mar dy oplossing seagen de sponsoaren en supporters net sitten.

"Verkeerd geïnterpreteerd"

Foar de oarsprong fan it konflikt moatte we werom nei novimber 2020, doe't it stichtingsbestjoer Ype Smid foardroech as nije foarsitter fan de ried fan kommissarissen. Gewoanwei draacht de ried fan kommissarissen sels minsken foar, mar dat orgaan frege om help, sa fertelt Anceaux. "In principe stellen zij zelf een kandidaat voor en wij benoemen diegene. Ze konden niemand vinden en dus hebben wij dat gedaan. Daar is allemaal commotie over ontstaan. Dat ontsloeg ons niet van de taak om aanvulling te zoeken voor de raad van commissarissen, omdat het stadiondossier nogal zwaar is. Die aanvulling hadden wij gevonden en wij wilden twee commissarissen benoemen. De directie en raad van commissarissen vonden dat goed en dan zouden wij daarna weggaan, want onze klus was dan geklaard. Achteraf bleek dat wij dat verkeerd geïnterpreteerd hebben als stichting."

De saak kaam yn in streamfersnelling doe't trainer Henk de Jong en technysk manager Foeke Booy tongersdei by Voetbal International oanjoegen dat se harren takomst ferbine oan dy fan de twa direksjeleden Ard de Graaf en Gerald van den Belt. Dat soarge foar noch mear druk op it stichtingsbestjoer, sa seit Anceaux. "Als zelfs de technische staf, die in de kleedkamer hoort maar niet in de bestuurskamer, zich ermee gaan bemoeien. Ik zie bij Ajax niet gebeuren dat Ten Hag op de camera vertelt dat Overmars het niet goed doet. Dat is nogal een statement."

Cees Anceaux oer it tafersjoch by de klup

Tafersjoch

Dat, mei de druk dy't oare partijen al útoefene op it stichtingsbestjoer, hat se besluten dien om op te stappen. Wol hat Anceaux noed oer oft der wol genôch tafersjoch is yn de Cambuur-top, as se dermei ophâlde. "Ik heb wel eens het idee dat de directie vindt dat het wel lastig is, zo'n stichting. Als je ziet wat er nu gebeurt, heb ik het idee dat het toezicht te wensen overlaat. Als je directeur bent, zou je willen dat je goed toezicht hebt, want daar word je beter van. Ze moeten niet met elkaar op één stoel zitten."

En dat is krekt wat der neffens Anceaux de lêste tiid wol bard is. De ried fan kommissarissen hat as taak om de direksje te kontrolearjen, mar: "Samen brieven ondertekenen naar de stichting, is vreemd en niet handig. Ook wij hebben niet altijd handig geopereerd hoor, alleen je probeert het beste voor de club. We willen niet vervelend zijn, we willen helpen om het toezicht te verbeteren."

Hoe sil it no fierder gean neffens Anceaux

"Het is niet ingewikkeld", neffens Anceaux. Der wurdt moandei in fergadering útroppen foar de sertifikaathâlders dy't dêryn twa kandidaten foardrage foar it nije stichtingsbestjoer. Dêryn is noch plak foar twa minsken fanút de sertifikaathâlders en net foar fjouwer, sa as foarhinne. Ek de gemeente, sponsoaren en de supporters drage in kandidaat foar foar it nije stichtingsbestjoer.

Anceaux: "Dan geven wij er als stichting een klap op en dat kan binnen drie weken beslecht zijn. De nieuwe leden van het stichtingsbestuur benoemen dan de nieuwe commissarissen. Dan stoppen we ermee en dan is het mooi geweest en kunnen we weer gezellig een biertje op de tribune drinken, want we blijven gewoon naar ons cluppie komen. Want we zijn niet boos, het is alleen vervelend dat het zo loopt."

Foto: Omrop Fryslân, Dieuwke Kroese
(Advertinsje)
(Advertinsje)