Kuieralvestêdetocht giet dit jier net troch

13 mrt 2021 - 13:48

De kuieralvestêdetocht giet dit jier oer. It soe de 74ste edysje wêze. It bestjoer wie 'der klear foar' mar belutsen gemeenten jouwe fanwegen coronamaatregels gjin fergunningen. De dielnimmers dy't har ynskreaun hienen, binne al ynformearre.

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

De tocht fan 207 kilometer bringt kuierders yn fiif dagen troch de alve stêden. It evenemint stie pland foar 11 oant en mei 15 maaie.

Op de webside skriuwt it bestjoer: "Om tóch nog een beetje het 11-Stedenwandeltocht gevoel te krijgen gaan wij samen met de gemeenten en wandelbond kijken óf we ergens dit jaar toch nog een wandeltocht kunnen organiseren. Wanneer deze kans zich voordoet zullen wij U, dus alle 500 ingeschreven deelnemers van dit jaar, hierover als eerste informeren."

De organisaasje hat de datum foar takom jier al fêstlein: yn de Himelfeartswike fan 2022.

Swaddekuier giet ek oer

De Swaddekuier dy't 3 july yn de Fryske Wâlden wêze soe, giet ek oer. It bestjoer hâldt it no op 2 july 2022.

(Advertinsje)
(Advertinsje)