Earste ljipaaien Noardeast, Smellingerlân, Opsterlân en Hearrenfean fûn

13 mrt 2021 - 20:36

De earste ljipaaien fan de gemeenten Noardeast-Fryslân, Smellingerlân, Opsterlân en Hearrenefean binne sneon fûn. Harry Wijbrands en Jan Nutma fûnen sneontemoarn it earste ljipaai fan Noardeast-Fryslân, Rinze van der Ploeg de earste fan Smellingerlân, Ypie Bodzinga dy fan Opsterlân en Dirk Noordenbos wie de earste yn Hearrenfean.

Noardeastlik fan Kollum seagen Wijbrands (31 jier fan Molkwar) en Nutma (29 út Nes, Noardeast-Fryslân) dat 'it hijke oan it trêdzjen wie en fuort fuortfleach'. En efkes letter skarrele it sijke stikem leech oer it lân fuort. In kâns út it boekje dy't fersulvere waard.

Van der Ploeg tocht dat er it aai fine soe op in njonkenlizzend maisperseel, mar hy fûn it wiete aai dochs yn it gerslân by De Wylgen. Hy hat al faker in earste aai fûn.

Healwei de middei fûn de 64-jierrige Ypie Bodzinga út Lúkswâld it earste gemeente-aai fan Opsterlân. Hy is al jierren neisoarger, mar hie noch noait in earste aai fûn.

En oan de ein fan de middei fûn de 45-jierrige Dirk Noordenbos by Tsjalbert it earste ljipaai fan de gemeente Hearrenfean. Dat aai lei op it boerelân mei greppels fol wetter, krûden en rûge dong. De ljippen binne dêr alle jierren betiid. Foar Noordenbos wie it ek de earste kear dat er in earste ljipaai fûn.

Noch sân gemeenten

De frije fjilden yn de gemeenten Noardeast-Fryslân, Smellingerlân, Opsterlân en Hearrenfean binne hjirmei sletten. Yn noch sân gemeenten kin nei it earste aai socht wurde.

Ljipaaikaart

Sjoch op dizze kaart yn hokker gemeenten al it earste ljipaai fûn is. Grien is it earste ljipaai fan Fryslân, blau is it earste ljipaai yn in gemeente en read betsjut dat der noch gjin earste aai fûn is yn dizze gemeente:

(Advertinsje)
(Advertinsje)