Skoalbern yn Holwert rinne foar sike Ilse Lotte (10)

13 mrt 2021 - 13:00

De 10-jierrige Ilse Lotte út Brantgum krige in skoft werom te hearren dat se kwea-aardige bienkanker (kanker yn de bonken) hie. Skoalbern út Noardeast-Fryslân rûnen freed meardere sponsorlopen, om jild yn te sammeljen foar bern mei kanker.

Skoalbern yn Holwert rinne foar sike Ilse Lotte (10)

Ilse sit yn Holwert op basisskoalle de Tijstream. Ek hjir wiene de bern folop oan it draven om safolle mooglik jild yn te sammeljen. Foar de skoalle wie it in grutte klap, doe't se hearden dat har klasgenoate siik wie. "Dat wie foar ús de wichtichste reden om hjir wat mei te dwaan", fertelt direktrise Trynke Mulder. Sy hat dêrom alle skoallen dy't by skoalkoepel Roobol oansletten binne frege om oan dizze aksje mei te wurkjen.

Op de skoalle fan Ilse wurket ek skjinmakster Tineke. Sy hat de KiKa-aksje 'Berend' oprjochte. Op jonge leeftiid hat de famylje fan Tineke ôfskie nimme moatte fan har famyljelid Berend, dy't ek dizze freeslike sykte hie. Sûnt dy tiid set se har yn foar bern mei kanker. "Ik wie hiel emosjoneel, doe't ik hearde dat meardere skoallen jild ophelje soenen foar de aksje 'Berend', seit Tineke. Der is al oer de 10.000 euro ophelle en neffens direktrise Trynke Mulder komt der noch folle mear by foar de KiKa-aksje 'Berend'.

Trefwurden: 
Holwert kanker sponsorloop
(Advertinsje)
(Advertinsje)