Bou fan flot Sterke Yerke IV echt begûn; "toch een beetje geschiedenis waar je aan werkt"

13 mrt 2021 - 12:30

Sy binne los: de bouwers fan de Sterke Yerke IV. Noch foar de simmer moat it flot it wetter yn sadat dy hielendal klear makke wurde kin om de Waadsee op te gean.

Sterke Yerke IV

Vice-foarsitter Wilfred de Jong is tige wiis dat de bou no echt begûn is. "Het is indrukwekkend. Zo groot, zo mooi, zo stevig. Als ik dit zie dan krijg ik kippenvel." It flot is hast 15 meter lang en hast 7 meter breed. It is it fjirde flot dat stichting Sterke Yerke makket. Sy wolle hjirmei omtinken jaan oan de 'plastic soep' yn de oseaan.

Foto: Omrop Fryslân, Jantine Stoffers

De Waadsee op

It plan is dan ek om mei de Sterke Yerke de Waadsee op te gean. "De eerste twee jaar gaan we varen op de Waddenzee. We vragen scholieren om mee te varen. Het is natuurlijk fantastisch om op zo'n vlot te varen in de Waddenzee." Dêrneist is it neffens De Jong ek edukatyf. "We gaan plastic laten verzamelen zodat ze ook een stukje milieubewust worden. En hopelijk die bewustzijn ook uitdragen."

De fonken spatte fan it flot as Sietse Postma dermei oan de gong is. Gewoanwei bout hy allerhande ferskate boaten, mar de kommende moannen mei hy oan de Sterke Yerke bouwe. "Ja dat is prachtig, het is toch een beetje geschiedenis waar je aan werkt."

Ferslachjouwer Jantine Stoffers seach by de bou

Foto: Omrop Fryslân, Jantine Stoffers

Fjirde flot

Sterke Yerke I, II en III ha it wetter al op west. En no wurdt wurke oan de fjirde. Elke kear wurdt dy wer in stikje better, seit De Jong. "De eerste twee bouwden we van afvalmateriaal. Een groot verschil met de derde, die was al heel professioneel. En deze wordt nog steviger, nog mooier. Dit wordt het meest mooie plaatje dat we ooit gemaakt hebben."

De Jong seit dat it de lêste kear is dat er it flot makket. "Gezien onze leeftijd zal dit ongetwijfeld de laatste zijn. We willen het stokje overdragen aan de jongeren en daar beginnen we straks mee op de Waddenzee."

Op 6 maaie giet it flot te wetter, dêr't it fierder ôfmakke wurdt. De stichting hopet de Sterke Yerke dan ein augustus klear te hawwen.

Wilfred de Jong

(Advertinsje)
(Advertinsje)