Fryske gemeenten keapje 125.500 reade potleaden yn foar ferkiezingen

13 mrt 2021 - 12:16

Acht fan de santjin Fryske gemeenten ha derfoar keazen om it reade potlead mei de Twadde Keamerferkiezingen fanwegen corona mei te jaan oan de kiezers. De gemeenten mochten sels kieze oft se it potlead desynfektearje of meijouwe. Yn totaal keapje de gemeenten 125.500 potleaden yn.

Foto: Omrop Fryslân

De gemeente mei de measte potleaden is Hearrenfean mei 40.000 potleaden. "De potleaden dy't brûkt binne, meie meinommen wurde, of oars yn in aparte bak ynlevere wurde. We dogge dat om't der oars hieltyd tuskentiids skjinmakke wurde moat, it kostet ekstra tiid en in soad ekstra desynfeksjeguod", fertelt Richtsje Stornebrink fan de gemeente Hearrenfean.

Dêrneist ha de gemeenten Eaststellingwerf, Opsterlân, Harns, Skiermûntseach, Skylge, Flylân en Weststellingwerf derfoar keazen om de potleaden oan te skaffen. De gemeenten jouwe oan dat dit folle makliker is as se te desynfektearjen. Mar ek dat de feilichheid fan de kiezers foarop stiet. Skylge tinkt dat troch dizze kar de kiezers harren nofliker fiele by it stimmen. Mei in nij potlead binne se der wis fan dat der net in oar oansitten hat.

Richtsje Stornebrink

200 euro mear

As it giet om de kosten hat de gemeente Weststellingwerf dêr wat op betocht. Yn plak fan de grutte potleaden te keapjen, sa as gewoanlik, ha se no lytse potleaden kocht, en dat skeelt behoarlik yn de kosten. "De grote potloden kosten 1 euro per stuk, maar de kleine maar 8 cent. Normaal geven wij dus ongeveer 1500 euro uit, nu 200 euro meer."

Wat der mei de oerbleaune potleaden barre sil, ha de measte gemeenten noch net oer neitocht. Weststellingwerf hat der yn alle gefallen bewust gjin tekst set op de potleaden sadat dy ek foar oare saken wer brûkt wurde kinne.

Gemeente Hearrenfean hat in goed doel yn gedachten: "Dat wat oer is, giet nei de Speelgoedbank, bernedeiferbliuwen of skoallen. Of se geane foar recycling, of wurde nei it skjinmeitsjen brûkt by folgjende ferkiezings."

Oantal reade potleaden de gemeente

Gemeente Oantal potleaden
Hearrenfean 40.000
Weststellingwerf 22.000
Eaststellingwerf 21.000
Opsterlân 20.000
Harns 16.000
Skylge 4.000
Skiermûntseach 1.500
Flylân 1.000
(Advertinsje)
(Advertinsje)