Cambuurtrainer Henk de Jong: "We hiene winne moatten, mar elk puntsje is der ien"

13 mrt 2021 - 09:30

SC Cambuur spile freedtejûn mei 0-0 gelyk tsjin Go Ahead Eagles. Trainer Henk de Jong gie fansels foar de winst, mar fûn dat syn jonges it goed dien hienen.

Henk de Jong

"Dizze hienen we winne moatten", sei trainer Henk de Jong nei ôfrin. "Mar de jonges ha it goed dien, tsjin dizze 'geniepige' ploech. Se binne goed yn foarm. Mar as der ien ploech is, dy't oanspraak makket op de winst, dan binne wy it wol."

De Jong fûn de earste helte wat sloardich, mei in pear kear balferlies. "Yn de twadde helte ha we neat weijûn, We krigen wol kânsen, mar dan moat er der wol yn gean." Hy hie net ferwachte dat de tsjinstanner sa definsyf spylje soe. "Mar elk syn kar. Wy ha wol spile foar de winst. No dus ien puntsje. We stean noch acht punten foar."

Kriegelig

Henk de Jong gie ek noch yn op de kwestje oangeande it stichtingsbestjoer. Hy hie by Voetbal International sein syn takomst oan dy fan direksjeleden Ard de Graaf en Gerald van den Belt te keppeljen. Neffens De Jong soene dy mooglik opstappe by it oanbliuwen fan it stichtingsbestjoer en dan soe De Jong ek fuortgean.

"Ik sit by in prachtige klup. Ik sjoch net nei oaren wêr't it gers griener is. It gers yn Ljouwert is grien en dêr wol ik wol gebrûk fan meitsje as se my freegje. As Gerald van den Belt en Ard de Graaf fuortgean, is it ôfrûn en dat is jammer. Dan hat Cambuur de gouden medalje fuortsmiten. Dat mei net, mar fierder ha ik gjin inkelde krityk op dy minsken. Ik ken se net iens allegear. Ik ha my der net yn mingd, dat ha de supporters en sponsoaren dien. Ik ha it oer myn kontrakt hân. De kâns is grut dat de direksje bliuwt en dy bepaalt oer my."

Hy hie lêst fan de ûnrêst. "Ik wie wat 'kriegelig', dat fernamen de jonges wol. Ik bin bliid foar Ard en Gerald dy't it al tsien jier sa goed dogge en ik hoopje dat se noch jierren bliuwe."

Erik Schouten

Erik Schouten baalde nei ôfrin fan de wedstriid. "Deze hadden we wel graag willen winnen, maar we moeten ook blij zijn dat we de nul hebben gehouden. Ik dacht, wees nou slim, voor hetzelfde geld valt die voor hun goed en dan verlies je. Dus dan moet je die ene punt koesteren."

Ek hy fûn dat de Ljouwerters genôch kânsen kreëarre hienen. "Maar als hun spits al op het midden van het midden staat op de eigen helft, dan wordt het moeilijk. Dat is hun tactiek en dat is hun goed recht. We hadden er eentje moeten maken, dan hadden we het afgestraft. Wij willen aanvallend voetballen."

Cambuur hat al mear as in jier net ferlern by útwedstriden. Neffens Schouten hat der net echt gefaar west yn de wedstriid.

(Advertinsje)
(Advertinsje)