Fryske mem baalt: Slob net ferfolge fanwege útspraak oer homoseksualiteit

Demisjonêr minister fan Underwiis Arie Slob sil net ferfolge wurde foar de útspraken dy't er die oer homoseksuelen. Yn novimber sei er yn de Twadde Keamer dat reformatoaryske skoallen neffens de grûnwet âlden en learlingen freegje meie om yn in ferklearring ôfstân te dwaan fan homoseksualiteit. Dat die de Fryske Carla van Hoorn sa sear dat se besleat oanjefte te dwaan.
Minister Arie Slob © Omrop Fryslân
Dat er hjir net foar straft wurdt, fynt se spitich: "Dit hie ik wol ferwachte. Ik hie it idee dat we even op de barrikade komme soene. Even yn aksje. Mar achterôf komme je derachter dat it je dochs mear docht as je wolle", leit se út.
Van Hoorn hat twa bern dy't LGBTQ+ binne. Se wie ien fan alve minsken dy't oanjefte dien hie tsjin de minister. "Ik hie hiel bot hope dat it der mear wêze soene. Ik krij it gefoel dat we yn Nederlân hieltyd mear tinke: 'ach, laat maar.' Oanjefte dwaan hat dochs gjin nut."
De reden wêrom't Slob net ferfolge wurde sil, hat mei twa saken te krijen. Hy mocht it sizze op basis fan de frijheid op godstsjinst en hy hie as minister parlemintêre ûnskeinberens. "Under de flagge fan leauwensoertsjûging mei blykber alles sein wurde. Mei dy parlemintêre ymmuniteit is der neffens it IM dus eins neat oan 'e hân."
De útspraak is foar har dan ek net de ein fan dit ferhaal. "Ik fyn dat der wat feroare wurde moat oan de wet fan frijheid foar godstsjinst. Ik wol graach de polityk aktivearje sadat se hjir yn de Twadde Keamer wat oan dogge. De wet is in grut goed, mar it mei net yn striid wêze mei de rest fan de grûnwet."
Carla van Hoorn