Kollum: "Fryslân yn 2032"

13 mrt 2021 - 08:24

"Yn it noarden fan Nederlân wenje tusken de oardel en twa miljoen minsken. Allegearre yndividuën mei in eigen wize fan tinken. It blykt dat de Friezen harren net fertsjintwurdige fiele yn de nasjonale polityk. Dit soe it oardiel wêze nei oanlieding fan in ûndersyk dat de trije regionale omroppen dwaan litten ha ûnder 1123 minsken. Eh, hoe represintatyf is dat dan, mar klear. Op himsels is de útkomst net daliks om wekker fan te lizzen, want hoefolle politisy út it noarden sitte der no hielendal yn Den Haag?

Ferdinand de Jong - Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Ferdinand de Jong

As je wat fierder lêze, reitsje we wer âlderwetsk yn de slachtofferrol mei de tema's gaswinning, wynmûnen en sinneparken. Ek net frjemd, want dêr is it noarden goed yn. Om yn de rol fan slachtoffer te krûpen. It noarden byt net fan him ôf. Wy ha lêstendeis op in snein in rûntsje riden, je moatte dochs wat. Ien fan de moaiste streken fan Fryslân, de Iselmar, wurdt as we speak foar generaasjes nei ús nei de kloaten holpen troch dêr in bak wynmûnen yn te plantsjen. Leuk foar de Dútsers yn Makkum, dy kinne aanst in nij spultsje mei de pake- en beppesizzers dwaan. Tel it oantal kearen dat de wjukken fan dy linker mûne yn ien minút yn de rûnte draaie.

Eins zwei drei, und los geht's!

In eintsje fierderop yn de Ofslútdyk tusken Fryslân en Noard Hollân komt in fiskmigraasjerivier. Twa fiskermannen, Bootsma út Hylpen en Zwaan út Starum, beide mei in berch ûnderfining, sizze yn de Ljouwerter Krante dat soks totaal gjin doel hat en weismiten jild is, mar nei minsken mei ûnderfining wurdt net harke. Dy mannen sitte fêst yn it âlde tinken, wy moatte foarút. It noarden is efterlân, dêr moat feroaring yn komme.

De himelbestoarmers litte dêrby graach even yn it midden dat de gemiddelde Fries de lokkichste ynwenner fan Nederlân is. Ek dat docht bliken út fergelykjend ûndersyk. Mar dat ûndersyk past no even net, we moasten ommers foarút. Ljouwerter wethâlders smieten harren ambysjes datoangeande al even yn de media, heal Hollân kin hjir aanst wol komme te wenjen. No, litte we dêr efkes op troch borduerje.

It byld yn de maitiid fan 2032.

Fryslân leit fol mei sinnepanielen, de see liket wol in oerwâld mei wynmûnen, driuwende sinneparken en getijde-sintrales. De pear noch net fuortpeste boeren hingje massaal oan de belle omdat se meane wolle. Der hat jierren grutte oerlêst, files en net te berekkenjen bedriuwsskea west omdat Drachten miende oan it spoar te moatten. Ein 2035 hoopje de bouwers it projekt klear te krijen, net ien wit mear hoefolle miljard ekstra ien en oar úteinlik kostje sil, mar it wurdt yn Amsterdam no al gnyskjend: De vele malen duurdere uitvoering van de Noord-Zuidlijn neamd.

Nimmen nimt ferantwurdlikheid, it meunster is no ienkear yn beweging set en no noch je ferlies nimme is net út te lizzen. Ljouwert hat himsels yn de foet sjitten, der binne manmachtich hûzen boud, mar der wie gjin jild mear om in sydspoar oan de Lelyline te lizzen. Dus, krekt as no, net goed berikber. De lêste greidefûgels ha harren weromlutsen op de eilannen, der is in nije trend geande: Weidevogelreizen naar Ameland.

Gefolch: Yn 2032 docht nei ûndersyk fan de regionale omroppen bliken dat de Fries him- en harsels net langer de lokkichste ynwenner fan Nederlân fynt. En Volt, de nije pro-Europeeske partij, sil foar it earst meiregearje. Ien punt ha se yn de ynformaasje as brekpunt út ûnderhannele: Omdat we sels mei alle Fryske lânskipsfersmoarging de enerzjydoelen lang net helje, komme der trije splinternije kearnsintrales yn Nederlân. Kearnenerzjy-godfather Ronald Plasterk komt as in soarte fan Theo Hiddema 2.0 prominint op de list fan Volt.

Ien ding noch: Jo meie riede wêr't dy sintrales komme. Krekt. Yn it moaiste part fan Nederlân, dat we as tarieding de kommende tsien jier al fêst nei de soademiter helpe."

(Advertinsje)
(Advertinsje)