Produksje fan grien gas is flink omheech gien

De produksje fan grien gas is flink omheech gien. Ut sifers fan enerzjybedriuw Liander docht bliken dat der ferline jier in kwart mear fan levere is as yn 2019.
Folle mear Grien Gas
Grien gas is is in oplossing foar bygelyks miljeufreonlik ferwaarmjen fan wenningen. It komt benammen út túnôffal en kowedong. Ek al is dêr yn Fryslân genôch fan; der binne mear produsinten nedich om de klimaatdoelen te heljen. Yn 2030 moat in tredde fan it ierdgas ferfongen wêze troch skjin gas.
Kij fan Jelle Heida © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Fryslân hat sân grien gasprodusinten. Melkfeehâlder Jelle Heida fan Hoarnstersweach wie ien de earsten dy't flink ynvestearre yn komplekse apparatuer om fan kowedong grien gas te meitsjen en oan it net te leverjen. Heida is ien fan de sân Fryske grien gas-produsinten. Mei subsydzje kin it op syn bedriuw mei sa'n 400 kij út.
"It smyt ús de opbringst fan sa'n sechtich kij op. We kinne hjir sechtich kij ekstra melke, mar no ha we de fergister. Dy leveret it ús ek op en we ha der minder wurk fan."
Melkfeehâlder Jelle Heida en Peter Hofland fan Liander
Soad apparatuer nedich foar grien gasproduksje © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
De dong kin neidat der gas úthelle is, noch op it lân. Dat skeelt in soad útstjit. It gasnetwurk yn de buert is oanpast om in soad skjin gas te ferwurkjen. It kin nei de wenten en bedriuwen ta. Mei de nijste útfiningen kin aanst grien gas fan lokale nei noch gruttere netwurken yn Fryslân. Netwurkbehearder Liander hat dêrfoar in saneamde 'grien gas booster' ûntwikkele.
"De booster brengt het gas van het lage naar een hoge druk niveau", leit Peter Hofland fan Liander út. "Eigenlijk zet de booster het gas van het landweggetje, waar weinig afname is, naar de rijksweg over waar veel gas wordt gebruikt. We zijn de eerste die een tweerichtingsverkeer creëert op het gas netwerk." Yn Flevolân is de earste booster al yn gebrûk. Fryslân folget ynkoarten.
Heida en Hofland yn de stâl © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Yn 2030 moat in tredde fan it ierdgas ferfongen wêze troch skjin gas. Neffens netbehearder Liander stean we oan it begjin fan de ûntwikkeling dêrnei ta. Nije apparatuer wurdt goedkeaper en sil ta mear produsinten liede. En belangryk is dat de fraach tanimt.
"Als meer mensen gaan vragen aan hun leverancier om groen gas, dan zal dat een positieve werking hebben", mient Hofland. Neffens him moatte de netbehearders, produsinten, yndustry, de merk en de polityk dat mei elkoar dwaan.
Dongfergister yn Hoarnstersweach © Omrop Fryslân, Ronnie Porte