Mear wurkleazen yn Fryslân

17 nov 2011 - 11:15

Hast 300 Friezen hawwe yn oktober har baan ferlern. Dat docht bliken út sifers fan it UWV. Yn Fryslân binne no goed 21.000 minsken wurkleas. Yn de oare noardlike provinsjes gie de wurkleazens krekt nei ûnderen en ek lanlik is it tal minsken dat wurk siket stabyl bleaun. Yn hiel Nederlân hawwe mear as 450.000 minsken gjin baan. Ferline jier lei dat tal heger. Doe wiene der 480.000 wurkleazen.

Trefwurden: 
wurkleazens
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)