Cambuur-direkteur De Graaf oer opstappen stichtingsbestjoer: "Vervelende periode geweest"

12 mrt 2021 - 23:59

Troch it opstappen fan it stichtingsbestjoer fan Cambuur komt der wer takomst foar de Ljouwerter fuotbalklup. Dat seit Ard de Graaf, algemien direkteur fan de fuotbalklup. De ûnrêst om it stichtingsbestjoer hinne spilet al langer, mar neffens De Graaf is no de rêst werom. "Het is een vervelende periode voor iedereen geweest, maar ik ben blij dat we nu naar de toekomst kunnen kijken."

Ard de Graaf oer it opstappen fan it stichtingsbestjoer

Earder kaam nei bûten dat it stichtingsbestjoer fan Cambuur opstapt is. It woe nei de argewaasje by de kandidaatstelling fan earefoarsitter Ype Smid ferline jier wol plak meitsje foar nije minsken, mar woe earst sels noch gean oer de beneamingen. En ek oer de beneaming fan nije leden fan de ried fan kommissarissen. Supporters en sponsors fine dat soks oer it grêf hinne regearje is en woenen dat it stichtingssbestjoer opstappe soe en dat der dan sjoen wurde soe nei de ynfolling fan de ferskate nammen.

Mei it opstappen fan it bestjoer is de rêst werom. "Na een heel onrustige periode vanaf eind november heeft iedereen met pijn in de buik rond gelopen", sa seit De Graaf. "De supporters hebben gevraagd om een nieuwe invulling van het stichtingsbestuur, niet om direct opstappen. Dat zouden we na dit seizoen allemaal regelen. Over vragen wie wel of niet in het bestuur mag en wie een persoon benoemt. Die vragen zouden we na het voetballen beantwoorden, maar vanaf minuut één is gezegd dat er draagvlak moest zijn bij sponsors en supporters."

Foto: Omrop Fryslân

Draachflak wie fuort

Dat draachflak wie der net, wêrtroch't it bestjoer earder opstapte as nei it seizoen. Njonken dat binne der ek oanpassingen yn it bestjoer. Der wiene sân sitten, mar dat is werombrocht nei fiif. "Dat is dan prima. Het is een goede oplossing", stelt De Graaf.

Neffens him is it wol skande dat de problemen ek ynfloed op it fuotbal ha. "Het is vervelend dat het voetbal er onder lijdt, maar je moet het niet groter maken dan het is. Dit team geeft glans aan het spel en iedereen geeft zijn bijdrage. We staan al twee jaar bovenaan, maar hebben het vijfde budget, dat is gewoon prima. Voetbal kent zijn eigen regels en Henk en Foeke zijn ervaren mensen, die weten waar Abraham de mosterd haalt. Zij hebben het hier naar het zin en willen dat graag zo houden."

Geroften

De Graaf reagearret dêrmei op de geroften dat Henk de Jong en technysk direkteur Foeke Booy ek frege ha om it opstappen fan it bestjoer. De Graaf stie rjocht tsjinoer it bestjoer, mar sjocht it opstappen net as in oerwinning. "Ik ben blij voor de club, het gaat niet om mij of Foeke. Het gaat om Cambuur en de toekomst voor Cambuur. Mensen moeten elkaar vertrouwen en daar gaan we nu weer aan werken."

It is noch net bekend hoe't it nije bestjoer derút sjen sil. "We gaan nu zoeken naar nieuwe mensen. Dat moet nu eerst."

Ard de Graaf fan SC Cambuur

(Advertinsje)
(Advertinsje)