Doelpuntleas Cambuur spilet gelyk tsjin Go Ahead Eagles yn Deventer

12 mrt 2021 - 23:11

SC Cambuur hat in puntsje meipikt út Deventer tsjin direkte konkurrint Go Ahead Eagles. De Ljouwerters skoarden net en de einstân kaam net fierder as in 0-0. De klup fan trainer Henk de Jong stiet noch hieltyd boppe-oan yn de Keuken Kampioen Difyzje, al rint tsjinstanner De Graafschap wol twa punten yn.

Foto: Orange Pictures

Op foarhân wie it in bysûnder treffen tusken Go Ahead en Cambuur. Cambuur ferstiet dit seizoen de keunst fan it skoaren tige goed en stiet al op 77 goals út 27 wedstriden. Dochs fine se yn Go Ahead in goeie tsjinstanner, want de ploech út Deventer krijt amper goals tsjin. Mar 18 kear waard de keeper passearre en dat is fierút it leechste oantal yn de earste difyzje.

De earste helte waard in pear kear ûnderbrutsen troch fjoerwurk op it fjild. De giel-reade supporters fan de Deventer fuotbalklup stutsen fakkels bûten it stadion ôf, mar dy kamen op it fjild telâne. Dat soarge derfoar dat it spul efkes stil kaam te lizzen.

Kânsen foar Maulun

Yn de earste helte wie Go Ahead Eagles de boppelizzende partij, mar kaam Cambuur der in pear kear gefaarlik út. Benammen Robin Maulun krige grutte kânsen. In frije trap waard troch de Frânske middenfjilder op keeper Jay Gorter fan Go Ahead Eagles sketten. Tuskentroch wie Ragnar Oratmangoen noch gefaarlik en skeat ek op de keeper. Dêrnei krige Maulun wer in grutte kâns op de iepeningstreffer, mar hy mikte de bal neist de goal.

De grutste kânsen fan de Eagles kamen fan Jakob Mulenga, dy't krekt net by de bal kaam, en Boyd Lucassen, syn skot smoarde yn de definsje fan de Ljouwerters.

Op selde wize fierder

Krekt nei it skoft gong Cambuur op deselde manier fierder. Se oefenen mear druk út as Go Ahead. Al nei in pear minuten helle Mees Hoedemaker mei in streek út op rantsje 16-meter, mar ek dêrmei wie Gorter net te passearjen. De hiele twadde helte besocht Cambuur it wol, mar kaam it net troch de ferdigening fan Go Ahead hinne.

Cambuur rûn wol wat skea op. Sa krige Doke Schmidt nei in charge giel. In kertier foar tiid kaam Oratmangoen noch in kear ta de ûntdekking dat Go Ahead in goeie keeper hie. Syn skot yn de koarte hoeke waard blokkearre troch Gorter. Der kaam noch in grutte kâns foar Mühren, mar ek de topskoarer koe de bân net brekke.

SC Cambuur bliuwt sadwaande boppe-oan stean, mar dochs komt direkte konkurrint De Graafschap tichterby. Sy wûnen yn de lêste minuten fan Telstar.

Go Ahead Eagles - SC Cambuur 0-0 (0-0).

Opstelling SC Cambuur: Stevens, Schouten, Mac-Intosch, Schmidt, Oratmangoen (78. Ladan), Hoedemakers, Bangura, Maulun, Korte, Mühren, Antonia (60. Jacobs).

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)