Nûmers Golden Earring klinke ek yn Dokkumer binnenstêd

12 mrt 2021 - 22:32

Radar Love, Twilight Zone en When The Lady Smiles; de ferneamde nûmers fan de band Golden Earring wiene freedtemiddei te beharkjen yn de Dokkumer binnenstêd. Beierdier Auke de Boer fan Kollumersweach brocht op it kariljon yn it Dokkumer stedhûs in oade oan de Nederlânske rockband, dy't der resintlik mei ophold.

Muzyk Golden Earring yn Dokkum

By de oprjochter en gitarist George Kooymans is de spiersykte ALS fêststeld. Omdat hy fanwegen syn sykte net mear optrede kin, hawwe ek de oare bandleden besletten op te hâlden. By de lanlike aksje fan tongersdeitemiddei wiene troch hiel Nederlân nûmers te hearren fan de Golden Earring.

Dokkum folge in dei letter, omdat beierdier Auke de Boer tongersdei al yn Grins oan it spyljen wie. "Je kinne mar op ien plak tagelyk sitte", leit De Boer út. "Mar ik sei, dan wol ik it ek graach yn Dokkum dwaan. Want Dokkum hat it moaiste kariljon fan Fryslân! En dan mar in dei letter."

Yn de feesttinte

De Boer hat sels ek spesjale oantinkens oan de rockband. "Ik wenje yn Kollumersweach. Dêr ha wy ien kear yn de twa jier doarpsfeesten. Hiel faaks hat op de slotjûn de Golden Earring yn 'e tinte west. Wy krigen dat hiel goed mei dan, ja."

Foto: Koos Scherjon, RTV NOF
(Advertinsje)
(Advertinsje)