Spoeddebat oer greidefûgelkontrôle op boerelân wike útsteld

12 mrt 2021 - 22:23

It spoeddebat yn Provinsjale Steaten oer de greidefûgelkontrôle op boerelân wurdt mei in wike útsteld. It debat wie oanfrege troch ChristenUnie, Forum voor Democratie en de PVV, nei oanlieding fan boereprotesten earder dizze wike by it provinsjehûs yn Ljouwert.

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

De provinsje wol boeren net op parten fan har eigen lân wurkje litte, as wannear't neisoargers it kontrolearre ha op fûgelnêsten. De trije partijen dy't it spoeddebat oanfrege ha, fine dat dêr earst mei de boeren sels oer oerlein wurde moat.

It spoeddebat hie woansdei wêze sillen, mar dan binne der Twadde Keamerferkiezingen. It wurdt no in wike letter hâlden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)