Fuotbalfroulju SC Hearrenfean ferlieze thús fan FC Twente

12 mrt 2021 - 22:05

De froulju fan SC Hearrenfean ha freedtejûn thús mei 6-2 ferlern fan FC Twente. Se kamen al gau op efterstân troch in treffer fan Bente Jansen yn de 7e minút. Renate Jansen makke dêr twa minuten letter 2-0 fan foar FC Twente. Nei in lyts healoere wist Nikée van Dijk it earste doelpunt foar de Feanfroulju te meitsjen.

Foto: Martin de Jong

SC Hearrenfean gie mei 1-2 de twadde helte yn en slagge der pas yn de einfaze yn om nochris te skoaren. De treffer kaam fan Kirsten van de Westeringh. De froulju fan FC Twente dienen bettere saken en skeaten de bal noch fjouwer kear yn it doel fan de thúsploech. Benammen Fenna Kalma wie goed op dreef, sy skoarde in hattrick, mei trije goals yn de twadde helte.

Hearrenfean is troch dizze nederlaach útskeakele foar de kampioenspûl. Troch de 4-1 oerwinning fan ADO Den Haag op VV Alkmaar hiene de Feanfroulju minimaal in punt helje moatten.

It folgjende duel dat foar SC Hearrenfean op it programma stiet, is de thúswedstriid tsjin PEC Vrouwen op snein 21 maart.

(Advertinsje)
(Advertinsje)