Kontroversjele stjer ferdwynt nei alle gedachten fan gemeenteflagge Noardeast-Fryslân

12 mrt 2021 - 21:32

Op de nije gemeenteflagge fan Noardeast-Fryslân komt de grutte, giele stjer wierskynlik net werom. Dat seit Marc Scheidius, sekretaris fan de Hoge Raad van Adel. Hy docht dizze útspraak op persoanlike titel. De ôfrûne wike is der ophef ûntstien oer de nije gemeenteflagge. In tal persoanen en ynstânsjes assosjearje de giele stjer op de flagge mei de davidstjer dy't Joaden yn de Twadde Wrâldoarloch drage moasten.

De gemeenteflagge fan Noardeast-Fryslân - Foto: Omrop Fryslân

De Hoge Raad van Adel yn Den Haag advisearret oer alle ûntwerpen foar flaggen en wapens. Dizze ophef hienen se net oankommen sjoen. "Pijnlijk en vervelend", neffens Scheidius. "We hebben er zorgvuldig over nagedacht, dus dan voelt dit slecht." De krityk kaam ûnder oare fan it Centrum Informatie en Documentatie Israël (CIDI) en fan anty-diskriminaasjeburo Tûmba.

Neffens Scheidius kin de Hoge Raad van Adel wol begryp opbringe foar de krityk. "Het is natuurlijk nooit onze intentie geweest om wie dan ook te kwetsen. Maar als je het eenmaal weet, dan zie je er ook direct de voormalige jodenster in. En dan is die vlag natuurlijk nooit meer het feestelijke uithangbord van de gemeente dat het zou moeten zijn. Maar tegelijkertijd denk ik dat het vooraf gezien niet anders had gekund. Wij kijken namelijk vooral naar de heraldische en vlaggenkundige aspecten."

Flagge sûnder stjer?

De gemeente Noardeast-Fryslân hat de ôfrûne dagen daliks op de kommoasje reagearre troch oan te jaan dat de nije gemeenteflagge sa gau as mooglik oanpast wurde sil. Dat sil dus wat Scheidius oanbelanget in flagge wurde sûnder giele stjer.

"Als je van de zespuntige ster in goud een vier- of vijfpuntige ster maakt, is het niet meer de ster die in het wapen staat. Dan is het gewoon een vreemde ster. De aangepaste vlag zal toch op z'n minst betrekking moeten hebben op het wapen. Maar goed, het initiatief ligt nu eerst weer bij de gemeente. Zij komen met een nieuw ontwerp en dat zullen ze dan aan ons moeten voorleggen."

De ferwachting is dat it nije ûntwerp fan de gemeenteflagge fan Noardeast-Fryslân ein maaie klear wêze sil. Dêrnei moat de gemeenteried noch grien ljocht jaan.

Marc Scheidius fan De Hoge Raad van Adel

(Advertinsje)
(Advertinsje)