Trainer Johnny Jansen fan SC Hearrenfean: "Opstappen Hamstra zorgt voor onrust"

12 mrt 2021 - 21:06

Johnny Jansen baalde by it wyklikse parsemomint sichtber fan it opstappen fan Gerry Hamstra. "Ik vind het echt heel erg jammer en vervelend dat dit gebeurd is, want dit zorgt voor onrust." Tiisdei makke de technysk manager bekend dat hy fuortendaliks opstapt fanwege ferskil fan ynsjoch mei de direksje. In dei letter wurdt dúdlik dat hy al ferskate petearen fierd hat mei Ajax om de rjochterhân fan Marc Overmars te wurden.

Johnny Jansen oer it opstappen fan Gerry Hamstra

Jansen seach it fuortgean fan Hamstra net oankommen. "Gerry en Cees (Roozemond, red.) hebben ergens strijd over gehad en het is gewoon zonde dat het zo is gegaan. Deze onrust moeten we nu zo snel mogelijk de kop indrukken."

Wurkgroep

De taken fan Hamstra wurde no foarearst oernaam troch in wurkgroep dy't bestiet út Johnny Jansen, algemien direkteur Cees Roozemond, haad jeugdoplieding Michel Jansen en haad skouting Karel Brandsma.

"Mijn eigen rol verandert eigenlijk niet. Als het gaat over de technische staf of over spelers, dan ben ik daarover adviserend en that's it. Andere mensen mogen daarover dan weer een beslissing nemen", seit Jansen.

Het vertrek van Gerry is een groot gemis voor SC Heerenveen.

Lasse Schöne

Lasse Schöne is de lêste oanwinst fan Gerry Hamstra foar SC Hearrenfean. De Deenske middenfjilder fynt it spitich dat Hamstra no fuort is. "Dat is heel jammer, een groot gemis voor Heerenveen, maar soms lopen zaken zoals ze lopen. Daar kan je weinig aan doen. Wij focussen ons vooral op de wedstrijd tegen Willem II en niet zozeer op wat er achter de schermen gebeurt."

Schöne sjocht leaver foarút nei de konfrontaasje mei Willem II. Yn de striid om de play-off-plakken, in hiel wichtige wedstriid. "Ze hebben vijf punten gehaald uit de laatste drie wedstrijden, dus ze zijn daar bezig met een opmars. Ik hoop dat wij iets beter voor de dag komen dan tegen ADO, maar daar ga ik wel vanuit. Maar als we iets willen, dan moeten we deze wedstrijd gewoon winnen. Dat besef is er bij iedereen."

Lasse Schöne

De wedstriid Willem II - SC Hearrenfean begjint sneontemiddei om 16.30 oere en is live te folgjen yn it programma Sneon yn Fryslân.

Willem II

By de Tilburgers stiet it wetter oant de lippen. It kontrast mei ferline seizoen is enoarm. Fanwege de útbraak fan it coronafirus waard de kompetysje earder stillein, mar Willem II mocht op basis fan it fiifde plak op de ranglist Europa yn. Yntusken binne we in jier fierder. Adrie Koster is ferfongen troch Zeljko Petrovic en de ploech striidt tsjin degradaasje. Ek it fertroude 4-4-3-systeem is net langer heilich.

Jansen: "Het is een stugge ploeg met een manier van spelen om te overleven. Ze kiezen er de laatste tijd voor de bal sneller lang te geven en vanuit daar de strijd aan te gaan. Compact spelen en vanuit daar counteren en daar hebben ze ook wel de kwaliteiten voor."

De earste konfrontaasje tusken beide ploegen earder dit seizoen einige yn in 2-0 oerwinning foar Hearrenfean troch doelpunten fan Woudenberg en Bochniewicz.

Johnny Jansen oer Willem II

Siem de Jong

Siem de Jong is foar de wedstriid noch in twivelgefal. De oanfaller foel tsjin ADO Den Haag út mei in ljiskblessuere. De Jong stie tongersdei wer op it trainingsfjild, mar Jansen sil gjin inkeld risiko nimme mei syn rûtinier.

Jansen: "Hij heeft eigenlijk van de trainingen geen reactie gehad, maar is ook niet voluit belast. We gaan kijken of hij kan starten, maar als er ook maar enigszins twijfel is doen we het niet."

(Advertinsje)
(Advertinsje)