Thierry Baudet (FVD) yn It Polytburo: 'Twivels oer Lelylijn, Fryslân net kwytreitsje'

Thierry Baudet hat twivels oer de Lelylijn. Dat sei de listlûker fan Forum voor Democratie freedtejûn yn It Polytburo. De oanlis fan it spoar soe te'n koste gean fan de eigenheid fan Fryslân, sa stelt Baudet. Likegoed hat tachtich persint fan syn partij sein foarstanner te wêzen fan dy Lelylijn. Baudet toande him fierder in grut foarstanner fan binende referinda, bygelyks oer wynmûnen, mar ek oer de lockdown.
It Polytburo sjocht mei listlûkers fan ferskate partijen foarút op de Twadde Keamerferkiezingen. Kees van der Staaij wie de achtste gast yn dizze rige. Eardere gasten wienen:
Oer de Lelylijn sei Baudet: "Ik wil ook niet met zo'n lijn Friesland laten overspoelen met mensen uit andere delen van het land, waardoor de eigenheid van Friesland verdwijnt, waardoor de huizenprijzen door het dak zouden kunnen gaan, waardoor de boerengrond misschien moet verdwijnen. Dus ik wil heel goed waarborgen vastleggen, dat je wel de ups hebt, de positieve kanten, maar dat je niet Friesland kwijtraakt."
Thierry Baudet syn FVD hat no twa sitten yn de Twadde Keamer, mar hy hat it folste fertrouwen yn de ferkiezingsútslach. Hy giet út fan tweintich sitten. De peilingen jouwe Forum op it stuit lykwols fjouwer sitten.
Wat wol Baudet mei de ûnderwerpen dy't benammen yn Fryslân spylje?

FVD: der is gjin stikstofprobleem

De natuer, it miljeu en it bistewolwêzen ha te lijen ûnder de skaalfergrutting fan de lânbou yn de ôfrûne desennia. In protte boerebedriuwen moasten wol útwreidzje, om noch jild oer te hâlden. De skaalfergrutting soarget der ek foar dat de lânbousektor in protte stikstof útstjit en dat is skealik foar natuer, bygelyks foar planten en fûgels yn it Fryske greidelân.
Neffens FVD is der lykwols gjin stikstofprobleem, skriuwt de partij yn it programma. "De stikstofregels kun je aanpassen", seit Baudet yn It Polytburo. De feesteapel hoecht wat de partij ek net lytser te wurden. Wat Baudet oanbelanget kin dy feesteapel ek wol grutter.

Baudet: 'Jammer' dat gaswinning fan tafel is

De plannen om it klimaat en de natuer te beskermjen, kinne wat FVD oanbelanget fan tafel. De partij wol trochgean mei gaswinning. Dat jildt foar it gasfjild yn Grinslân, mar ek yn Fryslân ha we in protte lytsere gasfjilden, ûnder lân en ûnder see.
De provinsje wol net dat dêr noch nei boarre wurdt, omdat dat bygelyks soarget foar boaiemdelgong en omdat der net in soad stipe fan omwenners foar is, mar úteinlik giet Den Haag dêroer. De Twadde Keamer besleat dizze wike dat der foarearst gjin gas wûn wurde mei ûnder de Waadsee. "Jammer", fynt Baudet. Hy jout wol ta dat it boarjen nei gas risiko's mei him meibringt.
FVD wol gjin wynmûnen en sinneparken mear ha. Yn plak dêrfan wol de partij dus fierder gean mei ierdgas, mar ek ynvestearje yn kearnenerzjy. Wêr't eventuele kearnsintrales stean moatte, lit de partij him yn it ferkiezingsprogramma net oer út.

Foaral nije hûzen foar 'middensegmint'

Yn hiel Nederlân is in grut tekoart oan hûzen. Dat jildt ek yn parten fan Fryslân. Lykas in protte oare partijen wol FVD rap nije wenningen bouwe. De partij neamt dêrby gjin presize oantallen. Wol moatte de measte nije hûzen komme yn it 'middensegmint' wat FVD oanbelanget. In oare oplossing om it hûzetekoart oan te pakken, sjocht de partij troch guon hûzen op te splitsen en kantoarromten om te bouwen.

Baudet net oertsjûge fan Lelyline

As iennige partij dy't gast is yn It Polytburo, lit FVD him net út oer de Lelyline. De partij is foar mobiliteit, stiet yn it programma, mar yn dat programma steane gjin plannen oer in bettere ferbining tusken it Noarden en de rest fan Nederlân.
By de ledegearkomst fan de FVD is wol stimd oer de Lelyline. "80% heeft ervoor gestemd", seit Baudet. "Maar de 20% die bezwaar maakte, heeft een punt. Want de eigenheid van Fryslân moet niet worden ondermijnd. En ik heb daarvoor geen concrete oplossingen gezien."
FVD wol wol dat 'essentiële autodiken' breder wurde troch hiel Nederlân.

Jeugdsoarch wer by de gemeente wei

Trochdat yn 2015 tal fan soarchtaken oerhevele binne fan it Ryk nei de gemeenten, ha de gemeenten al jierren grutte jildkrapte. It idee achter it oerheveljen fan bygelyks de jeugdsoarch en de geastlike sûnenssoarch wie dat gemeenten better witte watfoar soarch der nedich is as de lanlike oerheid. Yn de praktyk blykt dat faak ek sa te wêzen, mar gemeenten ha net genôch jild krigen om it belied út te fieren sa't se dat wolle.
FVD wol de problemen oplosse troch de organisaasje fan jeugdsoarch en geastlike sûnenssoarch wer lanlik te organisearjen.
Wat sikehûssoarch oanbelanget wol FVD dat regionale sikehûzen net mear fusearje of slute meie.

Trije Friezen op de list

Op de list fan FVD foar de Twadde Keamerferkiezingen steane trije Friezen. Dat binne Erwin Jousma, Nynke Koopmans en Johan Talsma. Sy steane op plak 21, 22 en 40. Jousma sit op it stuit foar de partij yn Provinsjale Steaten. Koopmans wie earder riedslid en Steatelid foar de VVD en sit no foar de Partij voor de Boeren yn de gemeenteried fan Tytsjerksteradiel. Talsma is fraksjefoarsitter foar de ELP yn Noardeast-Fryslân.